Andries Miedema

De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set 1

logo.ensafh

Dit is de earste ôflevering fan de foar in part op rym sette ferzje fan J. Slauerhoff syn ferhaal De laatste reis van de Nyborg. Andries Miedema hat hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn. De ôfleveringen folgje it oarspronklike ferhaal gronologysk

De auteur seit oer it ferhaal en syn wurkstik:
‘Slauerhoff hat in prachtich n spannend ferhaal skreaun oer in bark mei in bysûndere lading en in bysûndere kaptein en bemanning. Op reis fan San fransisco nei Foochow oer de Stille Oseaan belibje se de rûchste aventoeren.… Lês fierder

Statyske side 1i2009

logo.ensafh

Wolkom op ensafh. Rjochts fine jo de ynhâldsopjefte fan nûmer 1, ferskynd op 24 jannewaris 2009.
It wie fansels de bedoeling dat ensafh, de opfolger fan Farsk (en Hjir), fuortdaliks op ’e nije webside útkomme koe. It meitsjen fan ’e nije webside keallet lykwols swierder as wy ferwachte hiene. Wy meitsje dêrom dizze kear en hjirnei faaks noch twa kear gebrûk fan ’e âlde Farskside. It is sa wat in ôfdijer fansels, ús ferûntskuldigings dêrfoar, mar wat dizze earste ôflevering fan ensafh biedt is der net minder om. Wy winskje jo in protte lêswille.
De folgjende ôflevering ferskynt op sneon 7 febrewaris 2009.… Lês fierder

Willem Winters

Pas op mei sniebollen

logo.ensafh

Besite is altyd wer fernuvere oer myn 150 sniebollen [Schneekugeln, snowstorm, boule de neige]: skodzje en der komt in sniestoarm opsetten.
It begûn sa’n tweintich jier lyn mei in lytske út Bretanje, mei in calvary. Ik kocht nochris in pear, sette se op ’e skoarstienmantel, freonen seagen dat en kamen ek mei ien oansetten.
Sa kaam ik stadichwei ûnder de betsjoening fan de sniebol. Betsjoening, want dat trochsichtige koepeltsje fan glês of plestyk befettet in wrâld.
Wat it ûnderwerp ek is it wurdt presintearre yn in meast koepelfoarmige bol – der binne ek kubus- en piramidefoarmige – dy’t fuld is mei wetter en in bytsje gliserine om de floeistof wat tsjokker te meitsjen.… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan wint dichtwedstriid Winternachten

logo.ensafh

Winternachten kiest winnaar dichtwedstriid

De organisaasje fan Winternachten – ynternasjeonaal literatuerfestival, hat út tsien nominearren in winner keazen fan de dichtwedtriid ‘Fake! Of de gemanipuleerde waarheid’. It gedicht ‘Op de mooie vrouwen’ fan Miranda Mei (Ruurdtsje de Haan) is keazen ta winnend gedicht. De winner kriget twa kaarten foar Winternachten op freedtejûn 16 of sneontejûn 17 jannewaris 2009.

Op’e moaie froulju

Sa gean wy dan –
wy yn de wein
en jimme te foet,
wy ride nei lofts en
jimme rinne nei rjochts.

Wy ferlitte de muzyk fan de akkordeon
en al dy moaie froulju
dy’t dûnsje yn it kearsljocht
op it plafond.… Lês fierder

Skriuw, beoardieling, begelieding en advys

logo.ensafh

SKRIUW, Beoardieling, Begelieding en Advys

By it skriuwen fan ferhalen, gedichten, romans, toaniel en oare literêre teksten yn it Frysk. SKRIUW is in projekt fan it Skriuwersboun, de belange-organisaasje fan Fryske skriuwers. It doel is om benammen nije skriuwers stipe en begelieding te jaan en sa te kommen ta mear en bettere Frysktalige literêre manuskripten.

Foar mear ynformaasje klik hjirLês fierder

22-1-2009: Liwwadder poëzie-avond mei Tsead Bruinja e.o.

logo.ensafh

LIWWADDER POËZIE AVOND

Theater De Bres Schoolstraat 4 Ljouwert
(achter de Harmonie)

Datum: tongersdei 22 jannewaris 2009

Tiid: 20.00 oere

Yntree: € 5,-

Mei meiwurking fan:

Tsead Bruinja
Daniël Dee
Mowaffk Al-Sawad
Bart FM Droog
Mars Lowinger
Froukje de Jong-Krap
Johan Veenstra
Jan Kooistra
Elske Kampen
Atze van Wieren
Sido Martens

kontrabas: Oeds Bouwsma

presintaasje ARJEN HUT & MELVIN VAN ELDIK… Lês fierder

Dichter Willem J. Pieters (Villem J. Pytters) ferstoarn

logo.ensafh

Op sneon 3 jannewaris is de dichter Willem J. Pieters (1943-2009) ferstoarn. As Hagenees en nea yn Fryslân wenjend hie er him it Frysk sels oaneigene. Syn earste gedichte ferskynde yn 1978 yn nûmer 4 fan it tydskrift Hjir. Fan 1981 oant healwei 1986 wie er redaksjelid fan Hjir.
Yn 1981 fertsjintwurdig er de Fryske literatuer op Poetry International, dêr’t er doe meidie oan in oersetprojekt: it oersetten fan poëzy fan de Dútske dichter Erich Arendt. Yn Hjir nr. 4, 1981, skreau er dêr in humoristysk stik oer ûnder de titel ‘Ien wyke eare-Fries: ut oerset-projekt fan Poetry Intrational: ‘Ik hà leave meensken met, ik hà vurk dien fwar Fryslôn.… Lês fierder