Skermer

Avercamp

logo.ensafh

It frear al in pear dagen, mar noch net fûl.
Wy soene te kuierjen by de mar.
Ik sei: ‘Faaks wurdt der op it bûtlân al riden.’
En dat wie sa. Ut ’e fierte wei seagen wei de auto’s al stean. It wie der drok.
Wy ha in skoftke op it iis stien. Wat in riders fuortdaliks. Jong en âld. Alderwetske iiswille, samar ynienen!
Wy kuieren de hege mardyk del. Earst de iene en doe de oare kant út en hieltyd stiene wy stil om nei de riders op ’e flakte te sjen.
It waaide net, de sinne skynde. It wie ideaal waar.… Lês fierder

In Fries as Dichter des Vaderlands?

logo.ensafh

In Fries as folgjende ‘Dichter des Vaderlands’? Stim op Tsead Bruinja

Fanôf 2 jannewaris kinne jo stimme op de nije Dichter des Vaderlands. Jo kinne dêrby kieze út Tsead Bruinja, Joke van Leeuwen, Erik Menkveld, Ramsey Nasr en Hagar Peeters. Wêrom stimme op de Friese dichter Tsead Bruinja? Lês syn plannen op http://tseadbruinja.typepad.com/tsead_bruinja/2008/12/uitgebreide-plannen.html, wêryn’t Bruinja sjen lit dat er him net allinnich mar foar syn eigen wurk, mar him foaral ek foar de poëzij fan oaren ynsette wol.

Stimme kin fan 2 oant 27 jannewaris fia www.dichterdesvaderlands.nl. At jo dêrby jo stim motivearje kinne, telt de stim dûbel. De útslach wurdt op 28 jannewaris bekend makke by in televyzje-útstjoering fan de NPS.… Lês fierder