Skermer

Stikelbargen

logo.ensafh

Myn frou wie achter de kompjûter ferdwûn en ik siet noch mei ús dochter, dy’t in wykein útfanhûs wie, noflik yn ’e tún wat te keuveljen. It wie in hearlike simmerjûn. Wy dronken der in read wyntsje by en hiene it oer de tún, oer de blommen en oer jierren lyn doe’t wy noch yn it oare hûs wennen en by ús op it hiem altyd stikelbargen libben.
Dêr’t wy no wennen, yn dizze tún, wiene gjin stikelbargen. Us dochter hie der in ferklearring foar. Yndertiid soarge sy dat der op it hiem altyd in plakje wie dêr’t de stikelbargen ûnder krûpe koenen en sokke plakjes wiene hjir yn ’e tún net.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Homo Erektus

logo.ensafh

Ik rûn op de iere sneintemoarn de hoeke fan it kafee om en folge de Himdyk mei grutte stappen. Eefkes bûten Blauhús lei in stikkene bearenburchflesse op it fytspaad. De firma op it skuorde etiket kaam út myn wenplak. Dy firma hie der fansels gjin skuld oan.
Nee dit wie it wurk fan sa’n harsensleaze flessesmiter út it jeugdhonk, sa gong it troch my hinne. Nederlânske, en ek Fryske jongerein sûpte him nei de top fan ’e Europeeske ranglist fan drankmisbrûk. Jierliks kamen der sa’n fiifhûndert oant tûzen jongeren op ’e yntinsive care telâne fanwegen ‘komasûperij’. Om in better tafersjoch op ’e gong fan saken te krijen gongen der hieltyd mear heiten en memmen mei de jeugd mei op sneontejûn, eefkes in pilske pakke yn in honk.… Lês fierder

Elske Kampen

Altyd de loft

logo.ensafh

(Priiswinnend gedicht JM-Priis, sjoch dêrfoar hjir)

It sân wie sân, sa fyn as sûker dêrt sy
as bern yn boarte en harsels fergeat;
sy wie samar in bern op knibbels yn
âlde boartersklean en lytse learzens.
It wetter wie wetter, griis en grien fan
waad en see mei skom fan fiere kusten;
sa lyts wie sy, hast sûnder wêzen yn
it wylde stowen fan de wyn.

Mar boppe har altyd de loft, in blauwe
hân dy’t mei wide fingers wite wolken
foarme en grouwe drippen falle liet.

De grinzen fan har lân wiene de tichte
hikken en it skerpe griis fan stikeltried;
in bolle dy’t syn snuvend skaad smiet
oer it toarnbeisykjen fan de fammen.… Lês fierder

Hidde Boersma

Riger foar pampus

logo.ensafh

Yn ’e kearn liket it libben in kwestje fan opienfolging fan oarsaak en gefolch. Dêrom die it my tige deugd doe’t Hear Toestanden, in âlde en demintearjende man dy’t yn it Bartholomeus

Gasthûs op ’e Lange Smeestrjitte wennet, my ris ‘een prettige oorzaak’ tawinske. Ik seach him nei yn syn wankele gong en liet syn wurden yn my omgean. ‘Een prettige oorzaak,’ herhelle ik de wurden foar mysels, ‘dat is … Dat is geniaal! Wat wolle je noch mear?’ In ‘prettige oorzaak’ moat hast wol liede ta goede gefolgen!

It ferbân tusken oarsaak en gefolch, yn ’e filosofy neame se dat kausaliteit, is in yngewikkelde saak.… Lês fierder

Fideo Michael Jackson

logo.ensafh

Fideo MJ

Dit is de oarspronklike fideoklip, makke troch Steve Barron. (it wie de earste fideoklip fan in swarte artyst foar MTV, lês ik op wikipedia) Sjoch mar ris, it is hast opera. Dy lêste sin set ik der del omdat útjouwer L. dy klip fêst blokkearret omdat it hjir wol om opera heart te gean en net om “popmuzyk”. Fan ‘e moarn hat er syn uterste best dien my te fertellen hoe ûnbelangryk de dea fan MJ wie foar de wrâldskiednis. Te min dûnse bin ik bang. En Nadia Krastéva, ús Carmen, soe sij opsjoen hawwe fan it nijs? Soe sij dûnse hawwe yn de diskoteek yn Sofia op nûmers fan Thriller?… Lês fierder

Wa wint de GJ-Priis 2009? (15)

logo.ensafh
Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium alle wiken út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ‘e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: (1), (2), (3), (4), (5), (6), (7), (8) en (9) , (10) , (11) , (12), (13) en (14).… Lês fierder

Fryske skriuwers en jild; en oare saken

logo.ensafh

Ik soe it útsykje moatte, mar as it wier is dat Fryske skriuwers yn de regel in legere wurkbeurs fan it Fonds voor de Letteren krije as harren Nederlânsk skriuwende kollega’s… dan is dat in skeefgroeide situaasje. It plan fan Goffe Jensma stean ik hielendal achter. Jou in skriuwer gewoan it minimumlean en lit him/har om de twa/trije jier in boek skriuwe. Ik sis mar wat. Lês hjir fierder, op de *kuch* side fan it Skriuwersboun.

Nijsgjirrich genôch hear, de rige op ensafh oer de Gysbertkandidaten. Ik fyn it no dochs wat spitich dat myn ‘Hûn oan ‘e himel’ net serieus behannele is, mar dêr sil grif in reden foar wêze.… Lês fierder