Wa wint de GJ-Priis 2009? (16)

logo.ensafh
Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium alle wiken út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ‘e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: (1), (2), (3), (4), (5), (6), (7), (8) en (9) , (10) , (11) , (12), (13), (14) en (15).… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is de lêste ôflevering fan ensafh foar de simmerfakânsje. De folgjende ôflevering, nûmer 13, ferskynt op 12 septimber. Dat wol net sizze dat der gjin beweging op ensafh wêze sil. De trochrinnende rubriken Teleks, Meidielings, Poadium, Blogfragminten sille wol hieltyd ferfarske wurde. Dat de hiele simmer is der op ensafh likegoed fan alles te rêden; even op ensafh sjen sil dêrom yn ’e simmermoannen alle kearen wol wat opleverje.
Sa sil oant healwei augustus op Poadium, krekt as oant no ta, om ’e pear dagen in nije ôflevering ferskine yn ’e rige Wa wint de GJ-Priis 2009?. Healwei augustus binne dan alle foar de priis yn oanmerking kommende bondels yn ’e etalaazje set.… Lês fierder

Josse de Haan

Gedicht by keunstwurk fan Hendrik Beekman

logo.ensafh

rechts06shop2

(It giet om it keunstwurk tredde fan boppen rjochts)

(Ut: As wurden slipe wurde; sjoch foar in besprek fan de bondel yn de it ‘Besprek’ of klik hjir)

Heech yn de loft hâldsto
de wrâld op ôfstân yn ’t each

Reksty út en gappest tsjin de sinne
De wyn siicht troch dyn bekkens

Dan nimst in oanloop
Springst yn ien sprong
Op it puntsje fan de toer

Liedst de klok om tolve oere

It fjoerwurk wurdt frijjûn

—-

Hoog aan de hemel hou jij
De wereld op afstand in ’t oog

Je rekt j uit en gaapt tegen de zon
De wind tocht door je bekken

Dan neem je een aanloop
Spring je in een sprong
Op het topje van de toren

Luidr de klok om twaalf uur

Het voorwerk krigt de vrije hand

(Vertaling Josse de Haan)

—-
High in the sky yuo keep
The world at a distance in your eye

You stretch and yawn toward the sun
The wind sighs through your pelvis

Then wirh a running start
You spring uo in one go
To the top of the spire

Ring the bells at twelve o’clock

The fireworks are set free

(Translation Thomas S.B.Lês fierder

Piter Boersma

By keunstwurken (besprek fan ‘As wurden slipe wurde’ fan Josse de Haan)

logo.ensafh

De Amerikaanske dichter William Carlos Williams hat yn 1963 in bondel útjûn mei de titel Pictures from Brueghel and Other Poems. Yn syn neiwurd by de blomlêzing út Williams syn wurk Even dit giet de oersetter, de dichter Huub Beurskens, yn op de oantsjutting ‘Pictures from Brueghel’: ‘Steldeik wel de goede vragen? Pictures from Brueghel – moest die titel wel worden gelezen als ‘Schilderijen van Brueghel’? Zou het woord ‘picture’ hier niet veeleer moeten worden gelezen als betrekking hebbend op de gedichten in plaats van op de schilderijen? Dus als ‘beelden’, ‘plaatjes’ of ‘voorstellingen’? Zoals het voorzetsel ‘from’ wellicht niet (alleen) moet worden geïnterpreteerd als ‘afkomstig’ van maar als ‘gebaseerd op’, ‘naar aanleiding van’ of iets dergelijks?… Lês fierder

Willem Winters

Swarte Waaksens (4)

logo.ensafh

Foaropwurd

Yn de byldzjende keunst is it net ûngewoan dat in keunstner seit ûndersyk te dwaan nei de ferhâlding tusken X en Y, tusken it iene en it oare.
Yn dat ramt hat ûndersyk in tige subjektieve betsjutting, dat yn tsjinstelling ta wittenskiplik ûndersyk dat objektyf heart te wêzen.

Sa moat men Swarte Waaksens ek sjen as in eksperimintsje (in ûndersyk) om nei te gean hoe’t tekst en byld harren ta inoar ferhâlde en wat it effekt is.

Ik fûn wûnderlike plaatsjes fan in man yn in ûnderbroek mei frjemde rûtes op syn liif.*
Sokke foto’s, dêr moast ik wol teksten by meitsje.… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

dat each fan my

logo.ensafh

de raaf oan de loft
de do yn de nacht
de pod op ‘e râne
de fisk yn it djip

de sinne makket in V
de moanne wurdt planeet
de grûn libbet fan leafde
de see smyt in hynder

de gerzen rinne oer
de blommen dûke ûnder
middenmank it libben
ferwûndert him in stjer

Skreaun by ‘Verbum’ fan M.C. Escher

verbumLês fierder

Froukje Postma

Tien jaar wachten – Tsien jier wachtsje

logo.ensafh

(Priiswinnend ferhaal JM-Priis, sjoch dêrfoar hjir)

Ze hoort het op de radio.
Typisch, dat ze er net via die verrekte rotzender achter moet komen. Ze heeft een hekel aan de muziek en het geklets, ze heeft een hekel aan ieder geluid als ze geconcentreerd bezig is. Haar collega’s kunnen er lekker op doorwerken, zeggen ze. Het leidt haar alleen maar af.
Maar ze is eraan gewend geraakt. Ze luistert er niet naar, ze hoort het niet eens meer. Toch hoort ze dit nieuwsbericht wel. Het is het ene woord dat ze onbewust opvangt en dat haar aandacht grijpt. Natuurijs. Natuurijs?… Lês fierder