De leedsizzer

logo.ensafh

Fan hearren en sizzen komme wy te witten dat in hiele goeie freon fan ùs ferstoarnt is.

“Wêrom ha wy gjin in leedbrief krige?“ sis ik tsjin myn man. “Dy komt noch wol.“ seit er.

De dagen geane foarby mar gjin leedbrief. Dan seit immen; “Se hawwe de oankundiging op Facebook en Twitter setten.” “Ja mar … ” sis ik ferheard; “net elkenien hat kompjûter. Foaral net fan ùs âldens.”

Lês fierder by Tiden hawwe tidenLês fierder

Oer priisbollen, frontsoannen en fuortskrasten

logo.ensafh

Wat kin mar better yn it fertsjustere ferline bliuwe? En wat wol oan it oerflak yn it ljocht, ier of let? Guon fragminten fan wat west hat binne sa bjusterbaarlik, hawwe sa’n opfallende gearhing, presintearje harsels sa ferrassend, dat de doller en de skôger der net omhinne kin en sko der mei om as mei puzelstikjes. En bewarje se op papier. Om’t se har net ferpresse litte, net weimoezje litte – om’t se hoe dan ek in ferbining foarmje tusken jins eigen persoanlike ferline en ‘de’ skiednis.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder

Besprek ‘Littenser merke’ Ale S. van Zandbergen

logo.ensafh

Ale S. van Zandbergen (1956) publiceerde in 2013 zijn eerste roman Littenser merke, waarin hij onder andere elementen verwerkte uit het dorp waar hij opgroeide. Eén van de hoofdpersonen is Liuwe, net als Van Zandbergen zoon van een slager in Littens (Easterlittens) en geboren in 1956. Het boek is niet alleen door zijn omvang, ook door de structuur en het speelse perspectief, zeker voor een debuterend auteur, een ambitieuze onderneming die bepaald geslaagd genoemd kan worden.

Lês fierder by Jelle van der MeulenLês fierder

Tsjits Peanstra stoarn

logo.ensafh

De Fryske dichteresse Tsjits Peanstra is freed stoarn. Dat is snein bekend wurden. Peanstra dichte yn har begjinjierren foaral oer it heitelân en oer buorkjen. Letter ferskode dat mear nei leafdespoëzy. Se skreau ek ferhalen en toanielstikken.

Peanstra debutearre yn 1955. Se wûn fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis. Tsjits Peanstra is 89 jier wurden.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Friesland in tijden van transities

logo.ensafh

In de jaren zestig begonnen in Friesland de tegenstellingen tussen het platteland en de grote steden te vervagen. Juist die tegenstellingen waren van oudsher bepalend geweest voor het regionalisme in het algemeen en de Friese cultuur in het bijzonder. Tot nog toe werden de jaren zestig in Friesland vooral gezien als een kortstondige periode van experiment en vernieuwing. Sterker, nog de strijd tussen vernieuwing en behoud zou volgens sommigen zelfs eigen zijn aan de cultuur in een excentrische regio als Friesland. Maar in de jaren zestig bleek die excentrische ligging opeens veel minder een probleem te zijn. Bovendien is het modernisme achteraf bezien een historisch fenomeen geweest dat eigen was aan de twintigste eeuw als geheel.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (16)

logo.ensafh

feuilleton

16

Se fleagen boppe de Atlantyske Oseaan. Seleina sliepte. Alexander Boban seach nei bûten nei de blauwe loft en de wolken yn ’e djipte. Hy fielde him los fan alles en dat brocht him werom nei in momint út syn jeugd. Hy wie santjin en kuiere mei Dubravka, in famke út it doarp, de greiden del dy’t ôfrûnen nei de rivier. It wie in simmerdei.
‘Wy wurde fêst neisjoen,’ sei Dubravka.
‘Dan moatst dyn rêch noch rjochter hâlde,’ sei er.
‘Ik sjoch spoeken,’ sei se, ‘Janko sil it net akseptearje dat ik mei dy gean en net mei him.’
‘Wy sjogge wol.’… Lês fierder