Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – april 2014

logo.ensafh

 

Poëzij

Tomke Dragt
25 Frisse Fryske Ferskes

Walraven de Granje, Grijpskerk 2014
ISBN 97890 8216 0918
Ferkeappriis € 12,45

tomkedragt

 

Under it pseudonym fan Tomke Dragt, mei in knypeachje nei sawol de namme fan de ferneamde berneboekeskriuwster Tonke Dragt as nei syn eigen lingte, publisearret Ihno Dragt, de direkteur-konservator fan de Stichting Musea Noardeast Fryslân in earste dichtbondel.

De titel is: 25 Frisse Fryske Ferskes: sa mar út myn Hollânske pinne drippele.
Dy ferriedt fuortdaliks al dat de skriuwer fan hûs út gjin Fries is. En dat jout, sa as in op dat mêd betûften-ien it útdrukte, somtiden net gebrûklike wurdkeppelingen op, dy’t in “native speaker” net gau betinkt.… Lês fierder

12-05-14 presintaasje ‘Dach leave pake Durk’

logo.ensafh

Nij Tomke boekje
De Stifting Humanistyske Utfeartbegelieding yn Fryslân hat tegearre mei útjouwerij Afûk in Tomkeboekje makke mei as tema: it ferstjerren fan pake. De titel is Dach leave pake Durk.
Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprojekt yn it Frysk foar pjutten.

Ferhaal
Yn it ferhaal Dach leave pake Durk wurdt de pake fan Tomke siik. Uteinlik ferstjert hy.
Tomke makket in útfeart yn in krematoarium mei. Yn it boekje wurdt ferteld oer de lêste reis fan pake nei it krematoarium, de plechtichheid, it fuortglydzjen fan de kiste en it kofjedrinken mei foar de bern in gleske frisdrinken nei ôfrin.

Presintaasje
Op moandeitejûn 12 maaie 2014 presintearret de Stichting Humanistische Uitvaartbegeleiding yn Fryslân it nije boekje yn it Yarden Krematoarium yn Goutum.… Lês fierder

Boekelist, better as jeuzelje

logo.ensafh

Treflik nijs hjoed.

Wy moasten eartiids foar skoalle boeken lêze. Dan kamen je al gau by Het bittere kruid en mear fan soks út. Prima boeken, dêr net fan. Ik ha mei nocht de Max Havelaar lêzen. Doe’t ik tsien wie… Tsjinwurdich kinne de learlingen dy boeken op ynternet al efkes foarselektearje. In koarte beskriuwing, ûnderfinings fan oare studinten, hokker nivo it boek hat en mear fan soks. Ideaal, dat ynternet.

Lês fierder by Ferdinand de JongLês fierder

Ik skriuw it ferhûddûke ‘dû’

logo.ensafh

Oan de skriuwers fan Fryslân,

Sa’t jim hjoed lêze kinne yn it Friesch Dagblad is it troch de provinsje ferline jier yn it libben roppen taaloerlis mislearre en is de Fryske Akademy (FA) fêst fan doel en set troch mei syn plannen om dialektseleksje ta te passen yn in normearjende ‘Wurdlist Frysk’ op kommendewei.

De wurdlist sil net ferplichtsjend oplein wurde oan amtners en it ûnderwiisfjild, wurdt sein. Dat is winst. Mar likegoed sil de FA net te tellen safolle wurden út it gongbere Frysk net opnimme wolle. Sy sil yn in protte fan dy gefallen in kar meitsje tusken Klaaifryske en Wâldfryske ekwivalinten; de iene foarm bestimpelje as ‘geef Frysk’ en de oare mar gewoan weilitte.… Lês fierder

Lezen voor de Lijst útwreide mei Fryske romans

logo.ensafh

Mei yngong fan tongersdei 8 maaie steane op de website Lezen voor de lijst no ek 32 Frysktalige romans. Dan wurdt de nije oanwinst presintearre op in leararebyienkomst op NHL Hegeskoalle yn Ljouwert. De list is gearstald troch in ûntwikkelgroep fan leararen Frysk en literatuerkenners. De projektlieding wie yn hannen fan de learare-oplieding Frysk fan NHL Hegeskoalle en Tresoar.

Lezen voor de lijst is ûntwikkele oan de learare-oplieding fan de RU yn Grins. Op de site steane Nederlânske en Dútske romans, yndield neffens lêsnivo. De website helpt learlingen by har kar fan boeken foar de lêslist yn it fuortset ûnderwiis. It mei doel en sin ferbetterjen fan de lêskompetinsje en it bewarjen fan nocht oan lêzen steane foarop.… Lês fierder