Protters rige foar Frysk lêzen
Lêze
Lêze is noch altyd in wichtich ûnderdiel fan it learen. Skoallen, bibleteken, âlden… elts docht syn bêst om de bern oan it lêzen te krijen. Mar, binne der foar elk type bern genôch oantreklike boeken? Seker as it om it Frysk giet, mei der wol wat by.
Nije foardielige rige foar groep 7 en 8
Foar it Frysk is der dit jier in nij inisjatyf: de Protter-rige.
Dizze, op de Nederlânske Lijsters ynspirearre, rige is bedoeld foar de learlingen fan groep 7 en 8, en dan benammen om thús te lêzen. It binne âldere, populêre berneboeken yn in nij jaske, dy’t hiel foardielich oanbean wurde kinne.… Lês fierder
