Ast in koart fraachpetear hân hast, tinkst nei ôfrin altyd oer watst eins ek noch sizze moatten hiest. Sa waard ik fan ’e middei foar de radio ynterviewd troch Harm Weistra fan Omrop Fryslân, oer myn ferbliuw yn Bitola yn it ramt fan Oare Wurden. It is my dêrby hielendal ûntsketten om te fertellen dat ik ein july optrede sil op it Drimon Festival yn Struga. No ja, elk petearke is oars fansels. It gie dit kear oer hoe’t it stiet mei (grutskens op) taal en kultuer yn Masedoanië. No, dêr kinne je boeken oer fol skriuwe, want grutskens ha se hjir net brek!… Lês fierder
