André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 3, 2016

logo.ensafh

Redaksjoneel Ensafh 3, 2016

Net dat ik gjin Gysbert Japi(c)x-boeken yn ’e hûs hie, mar ik krige pas echt aardichheid oan it wurk fan de Boalserter bard, doe’t ik ferline jier yn Brantgum op in feestlike middei yn tsjerke meisongen hie mei ‘Wolkom, freugde fan de wrâld’. De muzyk sloech foar my in brêge oer de 350 jier tusken Gysbert en no. Syn fersen yn drege stavering blieken sjongsume lieten. In histoaryske ûnderfining dy’t djipper yn it moed taast as rasjoneel te ferklearjen is.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

Blog Daam de Vries: De bitebult op

logo.ensafh

It soe oerdreaun wêze te sizzen dat ik der net fan sliept ha mar de wrâld rekket frijwat yn ûnstjoer. Ik wit ek net oft it yn in demokratsy wol hielendal goed regele is oft jo besluten nimme kinne mei de helte plus ien. Yn in fatsoenlik bestel liket it my sa ta dat jo ek rekken hâlde mei minderheden, foarsafier’t wy it hjir al oer in minderheid hawwe kinne.

Lês fierder by DaamLês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Finlân

logo.ensafh

Der is neat fan te sjen op ‘e foto dat it hiele terras in pear oeren lyn (oant in oere as fiif) noch fol siet mei minsken. Gau-eftich hawwe myn saneamde Warmshower-host en ik de boel oprêden. It wie juster nammentlik Midsimmernacht, oftewol Juhannus, wat yn Finlân in like grut feest is as kryst. Ik mocht dat meimeitsje by in Australiër dy’t al sân jier yn Helsinki wennet en in nustje freonen en kollega’s útnûge hie.

SSA43233
Dat my noch it measte docht as dat it in hartstikkene moai feestje wie – mei in soad iten, bier, fjoer, gesellichheid en muzyk – is dat ik it ûnderfine koe mei minsken dy’t ik alhiel net kin.… Lês fierder

Blog Eelke Lok: Lân fan ûnbegryp

logo.ensafh

Frysk. Wol jim it dêr noch oer ha? Ommers, de Ljouwerter Krante liet ynienen allegear Fryske lju fertelle hoe moai at Frysk is. Inkeld omt de Fryske Akademy nei stúdzje bewiisd hie dat it Frysk sa linkendewei ferdwine sil. Dat wisten we al. Mar it giet hurd. Fyftjin persint fan de minsken brûkt it Frysk noch, neffens de Akademy. Dy’t dêrmei har eigen bestean op it spul set. Wêrom soenen je noch in taal bestudeare of der yn skriuwe, at dy taal net mear bestiet. Wittenskippers bin net handich. Se ferjitte ek dat trije yngreven staveringsferoaringen it skreaune Frysk op’e doele brocht ha.… Lês fierder

Klassieke literatuur (2): leerdicht

logo.ensafh

Toen in de jaren tachtig de hiphop werd uitgevonden waren er, zo had ik de indruk, twee subgenres. In het eerste bluften rappers over wat van geweldige kerels ze wel waren, in het andere waarschuwden ze voor heroïne en crack. Verder werd er danig geïmproviseerd. Wellicht overdrijf ik de parallel, maar de Griekse poëzie is niet heel anders begonnen: geïmproviseerd voordragen, deels zingend over de roem der mannen, deels didactisch. Heldendicht en leerdicht.

Lês fierder by Jona LenderingLês fierder