It giet goed mei de oersettingen yn it Frysk. Der wurdt in soad oerset, ek troch jongere oersetters, en de belangstelling foar it oersetten nimt ek ta. Dat sei direkteur Bert Looper fan Tresoar freed by de útrikking fan de tsiende Obe Postmapriis foar de bêste oersetting yn it Frysk. Dy priis gie nei de 29-jierrige skriuwer en oersetter Geart Tigchelaar foar syn ferfrysking fan ‘Erik of it lyts ynsekteboek’ fan Godfried Bomans.
Lês, harkje en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
