Hjoed iepenet de tredde call foar it Europeeske literêre útwikselingsprogramma Other Words / Oare Wurden. Dizze kear giet it om in alternative call. Net skriuwers yn it Frysk mar skriuwers yn ien fan de Fryske steds- of streektalen (in stedstaal, it Stellingwerfs, it Bilts, in eilântaal, ensfh.) kinne oant 1 febrewaris in foarstel yntsjinje foar in ferbliuw fan acht wiken yn de Baskyske stêd San Sebastian. It ferbliuw fynt plak yn de perioade fan april oant juny 2017.
Other Words is in Europeesk útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse talen. Omdat it reglemint fan it projekt oarspronklik net foarseach yn dielname fan skriuwers yn lytse talen (oars as it Frysk) binnen de dielnimmende regio’s, hat Tresoar fersocht om op syn minst ien call iepen te stellen foar dy skriuwers.… Lês fierder