Blog Cornelis van der Wal: Fúzje Skanomodu en Fers2

logo.ensafh

It folgjende nijs krige ik justernacht fan in ynformant dy’t anonym bliuwe wol:

‘Nei petearen tusken de redaksjes fan digitaal literêr tydskift Fers2 (Abe de Vries en Friduwih Riemersma) en it ‘ynternettydskrift troch en foar jonge Friezen’ Skanomodu (Meindert Reitsma, Nienke Jet de Vries en Jan Ybema) is besletten de lapen gear te smiten.’

Lês fierder by Cornelis van der WalLês fierder

Blog Janneke de Boer: 3 tútsjes

logo.ensafh

Ik bin net sa’n moarnsminsk, ik hingje leaver ta’n de nacht út yn ‘e hûs om. Om’t even wêr’t ik op dat stuit dan mei dwaande bin. Mar, mei de maaitiid yn ‘e loft, fluitsjende fûgeltsjes by it sliepkeamersrút en de simmertiid dy’t makket dat it libben op it doarp wer yn beweging komt, bin ik meastentiids better op skik. Al bin ik ek gek op de hjerst en de winter, it binne de lange grize, wiete, Ingelsk oandwaande dagen en wiken dêr’t ik net fan hâld.

Lês fierder by Janneke de BoerLês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman, De Nije Brieven. In Feuilleton (7)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. Cvdw

Moarn giet de koffer iepen…

Justerjûn krige ik in mail fan Madelon Kiestra. Der soe in koffer mei tige wichtige dokuminten by frou Radsma besoarge wêze, dy’t de koffer net iepenmeitsje doarst, net sûnder selskip en begelieding alteast. Wy hawwe in ôfspraak makke dat ik moarntemiddei delkomme sil, ik haw de hiele wike frij nommen, dat komt alsa net sa min út. It hie mei Simke te krijen, sa hie Madelon fan de frijwat senuweftich frou Radsma begrepen.… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: Boekje lêze

logo.ensafh

Wêrom ha wy gjin Fryske skriuwers dy’t sokke útsûnderlik goede boeken skriuwe? Ik soe my sa foarstelle kinne dat in no begjinnende Fryske skriuwer oer tritich jier sa’n boek skriuwe kinne soe. In debút is wer wat oars, mar it soe al hiel moai wêze as der überhaupt wat nijs útkomme soe dat it nivo fan de Nederlânske literatuer hellet. Poëzij is wat oars, Fryslân is ryk oan baas dichters, mar folwoeksen proaza, dêr hat it Frysk literêre fjild noch in kwaliteitsslach te meitsjen.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder