Petear mei Edwin de Groot

logo.ensafh

De minsken hiene de fjoerpylken al yn de hân doe’t op de uterste râne fan 2016 de nije Edwin de Groot ferskynde. ‘Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see’ is de fjirde bondel fan de dichter út Aldehaske, dy’t as Feandichter ek yn tsjinst is as poetysk fertsjinwurdiger fan de gemeente It Hearrenfean. Hy hat it drok. Henk van der Veer bellet foar in ynterview, mar dy moat letter mar even werombelje.

Lês fierder by Arjan Hut op de MoanneLês fierder

Aginda 19-03-17: Marga Claus nei Doperscafé yn Surhústerfean

logo.ensafh

Marga Claus is op zondag 19 maart te gast in het Doperscafé bij de Doopsgezinde Gemeente Surhuisterveen.

Claus, die in Leeuwarden werd geboren, schreef op jonge leeftijd al verhalen. In 1991 verscheen haar romandebuut, geschreven aan de hand van het waargebeurde levensverhaal van een Oekraïnse vluchtelinge die via Afghanistan in Nederland terechtkwam. In 2003 verscheen Claus’ tweede boek ‘De heit van Serafyn’.

Tijdens de bijeenkomst in het Doperscafé leren geïnteresseerden Claus kennen aan de hand van haar persoonlijke ervaringen rond haar boeken. Bijzondere aandacht zal worden besteed aan haar nieuwste werk ‘Neiskrift’, waarin ze openhartig vertelt over de intense periode na het overlijden van haar man.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Stek se lek

logo.ensafh

Ik bubbelje, do bubbelest, sy bubbelet, wy bubbelje allegear. Alle dagen lije wy oan de filterbubbel. Dat is it ferskynsel datst allinne mar nijs en ynformaasje út dyn eigen fermidden sjochst of lêst. Foar in part is dat bewust, foar in part ek ûnbewust. Dat ûnbewuste part wurdt stjoert troch ynternet en sosjale media. Websites en in sykmasine lykas Google stimme risseltaten ôf op dyn eardere online gedrach. Krijst allinne noch te sjen watst al moai fynst, krijst allinne noch te lêzen watst sels ek al fynst.

L6es fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Ypie Haitsma: Taalwrakselingen (07-02-17)

logo.ensafh

Taalwrakselingen
Wat is geef Frysk skriuwe dochs dreech om te learen. Ik hie earlik sein net tocht dat it sa yngewikkeld wêze soe. Foar alle skriuwwizen binne regels en as je dy mar yn ‘e holle stampe dan komt it wol goed soene je tinke, mar krekt as it kwartsje begjint te fallen komt der altiten wer in ‘mar’ efteroan. Der binne (yn myn eagen) sawat likefolle útsûnderings as regels. Sa no en dan sjoch ik dan ek troch de beammen de bosk net mear. (en nee de bosk is gjin skriuwfout, it is nammentlik, it bosk blommen en de bosk dy’t je troch alle beammen faaks net mear sjogge).… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Oranje snaffel, pearse sturt en in yndianetoai

logo.ensafh

Ofrûne sneon ha wy reüny hân fan ús kombyklaske fiif-seis. No ja, klaske? Der stiene 33 man op de list dat sa lyts wiene de klassen doe ek wer net…

It wie in hiele aardichheid, de measten wiene gjin sprút feroare. In pear al, dy wiene sa bot opknapt dat ik net mear sjen koe wa’t dat wiene. Al ús masters en juffen dy’t wy hân ha wiene der ek dat ik tink dat wy alderferskuorrendst leave bern wiene, oars hiene se grif net kommen en alhielendal net út Seelân en Brabân wei. Wy ha har ek ferhipte goed Frysk leard want se fersteane it noch altyd.… Lês fierder

Blog Ferdinand de Jong: Heit

logo.ensafh

Hjoed op de dei ôf twa jier lyn wienen wy wat ferkâlden en heal. Der binne fan dy dingen dy’t je in libbenslang bybliuwe. It feit dat der snie lei op de dei dat je dochter op de wrâld kaam, of dat je foar supporters fan FC Twente op de flecht moasten by in beslissingswedstriid yn Zwolle. Dat je alle jierren op Prinsjesdag oan it jier 1979 tinke omdat doe de pake dêr’t ik nei neamd bin stoar. Datums dy’t oan saken keppele binne dy’t sa djip yn je ûnthâld sitte dat je se nea wer ferjitte, salang’t je teminsten net demint wurde.… Lês fierder