Teleks: Portret fan Eppie Dam

logo.ensafh

Yn 2017 wûn Eppie Dam mei syn dichtbondel Fallend ljocht de Gysbert Japicxpriis. De heechste literêre priis fan Fryslân. Tresoar hat de Fryske keunstner Gerrit Terpstra frege om in portret fan Eppie Dam te meitsjen.
Freed 30 novimber 2018 is it nije portret ûntbleate troch minister Kajsa Ollongren. It nije portret is te besjen yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar.

Dit portret is in bysûndere oanfolling yn de tradysje fan Tresoar om de priiswinners te earjen mei in keunstwurk. De rige mei portretten fan Gysbert Japicxpriiswinners wurdt hieltyd wer útwreide mei in nije keunstwurk. It is sa stadichoan in rike samling keunstwurken fan ferskate Fryske keunstners.… Lês fierder

Henk Nijp

Yn ’e útferkeap

logo.ensafh

‘Inspiratie’ stiet der mei grutte kapitalen boppe in wandfitrine en even fierderop ‘Beleef’ mei in útropteken. Op ’e planken yn ’e útstalkast leit it meast opsichtige en lûdrazende krystguod dat der mar te betinken is. It útropteken stiet der folslein om ’e nocht, want it moais hat lawaai genôch. Ik wie dus yn sa’n winkel mei fan dat guod, wy ha der allegearre wolris west, je ûntkomme der soms net oan… Ik hie dêr kar út op syn minst 25 ferskate soarten kryst-led-snoerkes. Foar yn ’e krystbeam (bûten én binnen), oan de daksgoate, yn de bukshage, op ’e foardoar, yn de hortinsjes, yn de bjirken, om ’e flaggemêst en fierder oeral dêr ’t it mar yn- of oanheakje wol. … Lês fierder

Blog Wobbe Atsma: prolooch

logo.ensafh

Wat fierder ast fan hús west hast, wat dreger de ôfrin fan in reis faak is. Der wurdt ommers in bân ferbrutsen, wylst de ferbining mei it thúsfront noch stal krije moat. It oanboazjende gefoel fan in kâlde leechte liket wol in warskôging. Sa fan: tink derom, it is gebeurd. Wat oer en foarby is komt net werom! It iennichste watst noch dwaan kinst is besykje sa lang mooglik fêst te hâlden oan de sangerige rûs fan de reis.

Lês fierder by Wobbe AtsmaLês fierder