Kollum Jan de Groot: Bildtse Post

logo.ensafh

Dînsdegoffend 29 juny gong de kollum fan Jan op de radio bij Omrop Fryslân over wat d’r gebeuren gaat met ‘de Bildtse Post’.

Bildtse Post

Deuze week mot ik ’t over ‘de Bildtse Post’ hewwe, der kin ik niet omhine. Die krant ferskynt môrn namelik foor de allerlêste keer. Ja, in de form soa’t wij die al jaren kinne, bedoelst, sille de skerpe Bildtse folgers d’r nou drekt achteran sêge. De krant krijt inderdaad ’n deurstart, soa worde fleden week bekind. Pieter Jan Heidstra nimt de BP namelik over. ’n Woudpyk die’t ’t Bildt rêde mot, ’t mot niet botter worre… Maar klasse dat hij dut oppakt.… Lês fierder

Jelma Knol

Erasmus, in man foar alle iuwen

logo.ensafh

Print is net mear fan dizze tiid, hearre wy allegeduerigen. Underwilens lês ik in boek wêryn’t de yntroduksje fan print yn Europa beskreaun wurdt, sa’n lytse seis iuwen lyn, en hoe’t dat no krekt foar in grutte yntellektuele revolúsje soarge. It giet om de biografy fan Erasmus troch Sandra Langereis. In hearlik boek. Se neamt ús kosmopolityske Rotterdammer in ‘dwarsdenker’, mar de skriuwster soe dat etiket ek wol op harsels plakke meie. Want dit is gjin gewoane biografy. Langereis beskriuwt op in tige konkrete manier de oergong fan de perkaminten hânskriften nei it folle goedkeapere beprinte papier. Jo kinne aanst thús oan de hân fan har beskriuwing sels papier skeppe, as jo dat wolle.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: In bisteftich ferhaal

logo.ensafh

Wy ha allegearre wol lêzen en heard dat de Wet Dieren wizige is en dat soks barde op oanstean fan de Partij voor de Dieren. De nije wet, dy’t yngean moat op 1 jannewaris 2023, waard troch de Twadde en de Earste Keamer oannommen. Der hat yn de media koart diskusje oer west. Dat hat grif fan gefolgen dat minister Carola Schouten tasein hat om te besjen oft it allegearre wol like praktysk is. Dat is moai fansels, mar de wet is wol oannommen. It hie faaks better west om der earder oer te diskusjearjen. Dat hie moatten foar’t de wet yn de Twadde Keamer oannommen waard.… Lês fierder

Wat Maakt Een Gedicht Goed? (2)

logo.ensafh

Een nieuwe serie die wekelijks een antwoord probeert te geven op de vraag Wat Maakt Een Gedicht Goed? Kun je zo’n vraag wel beantwoorden? De medewerkers van Meander zijn achtereenvolgens serieus, speels, poëtisch, humoristisch, streng, onderhoudend, kort, (iets) te lang, verlegen, duidelijk, zeker, geërgerd, motiverend, vluchtig of vragend. Het tweede antwoord komt van Truus Roeygens.

Lês fierder by MeanderLês fierder

Kollum Henk van der Veer: Helden

logo.ensafh

Kollum Omrop Fryslân, 28 júny 2021

Helden

De Olympise Speulen komme hieltyd dichterbij. Bij un bitsje Sneker en un bitsje Fries komme je dan al gau terecht bij de Olympise Folleybalers dy’t oait goud wonnen. Jan Posthuma en Olof van der Meulen, twee Sneker jonges dy’t bij de Gouden ploech hoarden.

De earlekheid gebied te fertellen dat Jan eigenlek un Dokkumer was. Ut is dit jaar op’e kòp ou 25 jaar leden dat ut trio Snekers gloarearden in Atlanta dêr’t se in un bloëdstollende finale de Italianen fersloegen. De overwinning fan de Nederlaanse volleybalploech op de Azzuri op 4 augustus 1996 wurdde later útroepen tòt ut spòrtmoment fan’e eeuw.… Lês fierder