Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân siket in ûnôfhinklik lid út it literêre fjild foar de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2025. Jo kinne jo belangstelling dêroer oanjaan.
Deputearre Steaten rikt twajierliks de Gysbert Japicxpriis út. Dat sil wer barre yn de hjerst fan 2025. Yn 2025 wurdt de priis útrikt foar poëzij. De advyskommisje bestiet út trije leden, gearstald út in foardracht troch Tresoar, de Fryske Akademy en ien lid út it literêre fjild. De taak fan de advyskommisje is it beoardieljen fan de literêre wurken en Deputearre Steaten te advisearjen oer it takennen fan de priis. De advyskommisje sil foar de simmerfakânsje fan 2024 beneamd wurde troch Deputearre Steaten.… Lês fierder