“Maar dit zijn helemaal geen leuke foto’s”, seit in jonkje oan de hân fan mem op it plein foar de Martinitsjerke yn Dokkum. Hy hat foar in part wol gelyk. De measte bylden reitsje dy rjocht yn de siel. Foto’s dy’tsto somtiden leaver net sjochst.
De Markt yn Dokkum foarmet tongersdeitemiddei it dekôr foar de iepening fan de World Press Photo Exhibition, begelaat troch ynteraktive dronebylden en in grutte publike belangstelling. Anke Bijlsma, Kultureel Ambassadeur fan de gemeente Noardeast-Fryslân, fertelt hoe’t sy as inisjator kânsen seach om Dokkum as poadium tsjinje te litten foar de ferneamde World Press Photo Exhibition 2025.… Lês fierder