Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Lúksemboarch

logo.ensafh

Der binne ûnderweis safolle paden te nimmen dat men by alle krusingen wol kieze kin ek al wol men ien rjochting op en dat is nei it noarden om wer nei hûs. Giet men troch België, giet men yn op in útnûging om nei Ieper ta of dochs mar net om’t it te fier is en men te min tiid hat. Mei de fyts is men wat fandatoangeande beheinder.

Mar wat in frijheid hat men just wer dat it betiden dreech kiezen is. Dochs moat men in knoop trochhakje. Ik haw noch nea yn Lúksemboarch west, dat ik gean dêr graach trochhinne foar’t ik yn België en dêrnei Nederlân bedarje.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Barcelona (13-02-17)

logo.ensafh

Ek al bin ik earder weromkommen fan myn earste reis, de langst nei it aventoer en de wille fan it fytsen wie dêrom noch net dwêsten. Fandêr dat ik ferline wike nei Spanje flein bin mei fyts en al en de tiisdeis derop ôfsetten bin rjochting hûs. Nei in lytse wike bin ik dan yn Barcelona bedarre. Al bin ik gjin fan fan grutte stêden as ik op de fyts bin, woe ik ek net samar oan Barcelona foarby fytse. Koart om it hoekje sjen. De sfear efkes opsnuve en dan gau op nei it Frânske plattelân.

 … Lês fierder

Geart Tigchelaar

In (bemuoierige) portier tefolle

logo.ensafh

Froon Akker (pseudonym foar Koos Tiemersma) kaam derefter dat er noch nea in ferhalebondel skreaun hie njonken in nustje romans, dêr’t er foar Einum de GJ-priis foar krigen hat yn 2015. Dat waard dus heech tiid en mei de sechstjin ferhalen dy’t er yn Ik bedoel mar! ôflevere hat is er dêryn net ûnfertsjinstlik. De ferhalen wurde ynlaat en útlaat troch in âld-kondukteur dy’t ynhierd is troch de skriuwer sels en falle ûnder de titel ‘Portier’.
Der wurdt fuortdaliks ferwiisd nei in ynfalide portier (wat de portier yn dit boek net is) as fingerwizing nei Nooit meer slapen fan W.F. Hermans.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

It beslút

logo.ensafh

‘It moat oars,’ flok ik binnenmûlsk en rôlje de hannen ta fûsten. ‘It is al te lang sa trochgien, as ik der no neat oan doch, rint it folslein út de hân.’
Ik rin nei de kuolkast ta. Ik haw it fleske suver earder oan ’e hals as dat ik de dop der ôfwipt haw. It is de langst nei feroaring dy’t my sa toarstich makket.
Sadree’t ik bûten stean en de frisse jannewarislucht opsnúf, bin ik al net mear sa wis fan de saak. De eardere lilkens sakket my as it moed yn de skuon. ‘Wat no as se…’ mompelje ik healslachtich.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Sinjalemint ‘Tsjinlûd’

logo.ensafh

Tsjinlûd is in kollektyf mei Jan Kleefstra, Elmar Kuiper, Grytsje Schaaf en Remco Kuiper as dichters en Anne-Chris Bakker, Christiaan Kuitwaard en Romke Kleefstra as muzikanten. Dêrby hawwe ek Christiaan Kuitwaard, Elmar Kuiper, Romke Kleefstra en Anne-Chris Bakker grafysk wurk foar de foarmjouwing levere. Sa is it boekje Tsjinlûd in goede wjerspegeling fan it multydissiplinêre karakter dat sa eigen is oan it projekt.
Men ferwachtet dat de gedichten sa’t dy yn it boekje steane allegearre opnommen binne mei muzikale ymprovisaasje derefter. Dat is lykwols net it gefal. Net alle fersen yn it boekje binne opnommen en der steane mear fersen op de cd.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Swier

logo.ensafh

Geart Tigchelaar hat in moai blok om west op ‘e fyts fan ‘t simmer. Dat hat him in weareld oan ynspiraasje foar gedichten en ferhalen jûn. Yn dizze rige skriuwt er ferhalen dy’t situearre binne yn de lannen dy’t er oandien hat. De skriuwer/fytser hat der sels in gruttere of lytsere rol yn. Hjirby it njoggende ferhaal.

Mei de sliep yn ’e eagen en in bak kofje yn de hâlder oan it dashboard gappe er him de earste kilometers oer it rûzjende asfalt. It waar siet alteast mei, de sinnebril moast dy moarns fuortdaliks al op. Nei’t er him by in grutte pomp wat opfrist en skeard hie, fielde er him al aardich better.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Mėlynės

logo.ensafh

Geart Tigchelaar hat in moai blok om west op ‘e fyts fan ‘t simmer. Dat hat him in weareld oan ynspiraasje foar gedichten en ferhalen jûn. Yn dizze rige skriuwt er ferhalen dy’t situearre binne yn de lannen dy’t er oandien hat. De skriuwer/fytser hat der sels in gruttere of lytsere rol yn. Hjirby it achtste ferhaal.

Ik koe har teminsten noch meikrije om mei my de bosk yn de beien te plôkjen. It moast foar de helsdoarren weikomme, mar ik hie it rêden. Mar om mei my de hiele middei yn it bushokje te stean woe se net. Stel je foar dat se ris sjoen wurde soe troch har freondinnen.… Lês fierder