Jelma Knol

Tear en sear, de gedichten fan Irene Bal

logo.ensafh

De genade van een krimpende geest/De genede fan in krimpende geast, hyt de twatalige debútbondel fan Irene Bal, dy’t prachtich fersoarge útjûn is, mei foto’s fan Ronald Arthur van Schaik by elk gedicht. Stichting Uitgeverij Philip Elchers út Grins is de útjouwer.
Fansels bin ik de lêste dy’t dizze bondel resinsearje moat, want ik haw in saaklike relaasje mei frou Bal: se hat twa berneboeken útjûn by de Friese Pers Boekerij. Mar wat goed is moat sinjalearre wurde: sjoch dit stikje dan mar as in net al te objektive foarm fan konsumintefoarljochting.

De titel(s) fan de bondel fan Bal (tenei neam ik yn dit besprek allinne de Fryske titel fan in fers en de side) is/binne fuortdaliks al moai dûbelsinnich.… Lês fierder

Jelma Knol

Oantinkens oan Tiny Mulder

logo.ensafh

No’t Tiny Mulder (berne yn Beetstersweach op 2 april 1921 en ferstoarn tongersdei 4 novimber 2010) net mear ûnder ús is, is it tiid om stil te stean by har wurk en har libben.
Sûnt de santiger jierren lies ik har poëzy en yn 1983 kaam ik foar it earst mei har yn ’e kunde, doe’t Megiel Muller en ik har ynterviewden yn Jellum foar FRYX. Se siet doe noch folop yn har wurk foar it Friesch Dagblad. Dêryn hie se har fêste rubriken en se skreau resinsjes oer de Fryske literatuer. Koarte, puntich formulearre besprekken dy’t rjocht diene oan it wêzen fan elk boek dat yn de krante oan de oarder komme moast.… Lês fierder

Jelma Knol

Yasperina yrriteart

logo.ensafh

Bollman & Bollman, Marga Claus har fjirde roman, giet oer in travestyt, Yasper, dy’t wurket oan syn coming out.  De fraach is oft dat troch syn omjouwing akseptearre wurdt.
Dêrmei snijt Marga Claus op ’e nij in maatskiplik relevant tema oan yn har wurk, lykas se earder die yn Oxzana, ferhaal fan in flechtling (2000) en De heit fan Serafyn (2003). Dat falt yn dizze skriuwster dy’t tige lêsbere romans mei in heldere struktuer skriuwt, te priizgjen. Itselde jildt foar de yngeande dokumintaasje fan har ûnderwerpen. Wat dat lêste oanbelanget past Bollman & Bollman skoan yn de rige romans dy’t se earder skreaun hat.… Lês fierder

Jelma Knol

Eelkje Tuma skriuwt yn Noard-Sweden oer jonge froulju dy’t har eigen takomst bepale

logo.ensafh

De twadde roman fan Eelkje Tuma, Paadwizer, ferskynde yn juny yn de rige Fryske Modernen. As lid fan de kommisje dy’t de boeken yn dizze rige útjout, ha ik de ferskillende fersys fan dizze roman yn wurding lêzen. Piter Boersma wie de begelieder fan Eelkje. Omdat Eelkje sûnt 1992 mei har man, de skriuwer Mikael Niemi, yn Noard-Sweden wennet en se mar in inkelde kear yn it jier werom is yn Fryslân, socht ik har op foar in petear oer har wurk yn Ie.

eelkjetumadsc00782

Eelkje Tuma skreau har debútroman, Leafste lea (1996), doe’t se al yn Luleå wenne. Se kaam yn dy hoeke fan Noard-Sweden, ticht by de grins mei Finlân telâne doe’t se yn de einfaze fan har stúdzje kulturele antropology siet.… Lês fierder

Jelma Knol

Dokterje mei Eeltsje-om

logo.ensafh

’t Nesker tjerkhoaf is het leste
Njunck beppes graef, bij beppes bien
Dar kin dat djuwrste lyf nuw reste
In gerz in blom har tjinje az stien

“Omstreeks een uur na middernacht, zegt zij, naardat ik haar eenigzins had verlegd, hare lippen bevogtigd “zullen wij de handen nog eens zamen vouwen, ten teken van gebed”, ’t welk ik beantwoorde “Ja mijn lieve”. Zij deed zulks, en ofschoon ik niet bidden kon, ik lag mijne muts neder, en zeide O God! Meer kon ik niet…………
Ik stond onafgebroken bij haar tot dat zij omstreeks kwart voor twee uur hare leste adem uitblies… ’k heb haar de oogen gesloten….… Lês fierder

Jelma Knol

Boys

logo.ensafh

Yn de sechstiger en santiger jierren wie alles besprekber, sels seks mei bern. Faak waard yn bepaalde progressive fermiddens net iens de fraach steld oft it wol ferstannich wie om minderjierrige bern lestich te fallen mei de seksuele gefoelens fan folwoeksenen. Tsjintwurdich sit alles wer yn it tabûfet: it wurd útsprekke is al hast in deasûnde bedriuwe. Oer Wim Kan en syn foarleafde foar famkes kinne wy noch wol in bytsje gnuve. Mar it soe my hjoeddedei net benije dat it boek fan Jan Hanlo Go to the mosk, oer syn relaasje mei in moslimjonkje fan tolve, trettjin yn in soad antikwariaten ûnder de tafel ferkocht wurdt.… Lês fierder

Jelma Knol

Boekewike

logo.ensafh

In hearlik bestean haw ik eins. Fol letterfruchten, fan moarns 6.45 oere oant djip yn ’e nacht. Yn de Nederlânske Boekewike kin ik dêr no wolris foar útkomme.
Moarnsier begjint it al mei de teksten op myn potsje Ingelske marmelade. Achter myn buro op myn wurk giet it nivo de hiele dei troch allinne mar omheech. Ik bin ien fan dy befoarrjochte minsken dy’t de Fryske literatuer tsjinje mei en ik doch dat ek noch yn betreklike ûnsichtberens, dat ik haw gjin lêst fan al dy foaroansteande famyljes dy’t de keunst fan it lêbjen en lekskoaien ta ûnbekende hichten ferheven hawwe.… Lês fierder