Edwin de Groot

Roomske monolooch

logo.ensafh

hoe’t it begûn it daagjen omskreaun mei taal rigels of krekt it wyt
der tuskenyn bûn dat ferhaalt in kommen en gean fan de nachten de
dagen
ta dagen makket it ûntbrekken fan wyt de letters de wurden der
wie ris

net ien derby tichtmitsele no mei de keunst fan ’t oertsjûgjen
en it Skrift is suver want it boek is tsjok in tsjok boek
oer hoe’t it gien is neam al it oare ketters praat

Al draait om ús, Galileo Galilei!
de ierde te swier en klim oer de sinne fal oan de oare kant werom
wy draaie der net omhinne sa is it skreaun do silst it net winne

wy skake mei it swart en wyt fan taal mat is gjin opsje
ús kening sil noait om kom werom fersmyt dyn bernich praat
knibbelje foar de bûtenkant ús muorren fan perkamint bûch

lit ús it wurd de fear de inket brek thús yn Arcetri
achter de kleden dyn tosken op de lear de boeken
tink ast it net litte kinst

mar it wyt dat mist is uzes loadse wy it rap en rút
de dagen dêr’t hja yn duorje it ûnthâlden faak net wurdich
en dan net slim as guon oer de râne falle

dat is de wierheid út de grutte hûzen wei gjin plak foar moederaasje
kom net by de ôfgrûn al helpe wy mei in triuwke by need
as it skreaun is of sa gau it skreaun wurdt dat it sa moat

nimmen fan ús bliuwt bern Galileo
en mar in pear wenje yn grutte hûzen… Lês fierder

Edwin de Groot

Ald reed

logo.ensafh

Wêr‘t deis it lûde libben swetst,
Giet no de rouwe om en etst
Har swijend silhûet
Ut “Skaadbylden”, Sjoerd Spanninga

 

yn ’e naalspjir de útbeitele nammen fan de boeren
witte dat nei de wurksume libbens de alpinopetten
oan ’e spikers oant ta stof
hwent stof bistû en ta stof… ek it reidtek

fol gatten sa as it útlibbe taffelskleed
dêr’t beppe yn har lêste argeleaze jierren de ynbylding
stânfêst út wei besocht te poetsen

it hûs kreas pandutsen wer
en de straksunich golfplaten skuorre
bekt allike wreed
as de ferkavele bunders der omhinne

dêr’t lân is is oarloch
kear ik om in frjemdling… Lês fierder

Edwin de Groot

De Divina Commedia fan Dante oerset yn it Frysk

logo.ensafh

It jier 2009 is al aardich op streek. De maaitiid mei alle fuortplantingsargewaasje lit him wakker sjen en wat die ik? Ik lies oer hel en faaiefjoer yn De Godlike Kommeedzje, de Fryske oersetting fan Dante syn La Divina Commedia.

Yn ’e earste helte fan de 14e ieu beskreau Dante Alighieri mei dit epos yn trije ‘skiften’ fan elk 33 gedichten (canto’s) syn spirituele reis troch de hel, it faaiefjoer oant en mei syn reisdoel: de himel. Elke canto bestiet út foech 100 terzinen (trijerigelige strofen).
3, 33, 100: foer foar de getallesymbolisten. De trije as symboal foar de Hillige Trije-ienheid, 33 wie de leeftyd fan Jezus doe ’t er stoar en 100 is in getal dat perfeksje symbolisearret.… Lês fierder

Edwin de Groot

Bob Dylan song it al

logo.ensafh

To know the change and feel it….
John Keats

I.
Unlân

Elke woansdeitemiddei wie it oarloch.
Fochten wy as liuwen en
mei de fjurrenhouten mitrailleur, made by Heit,
waard de lânseare ferdigene.
Mannich MAVO-genoat sneuvele.

Us slachfjild wie learzens fol wetter,
drek oant yn ‘e naad en nei elk syn weropstanning
stjonkend as murden wer op hûs oan.
Nei memmen suchtsjend mei de Biotex.

II.
Bedrijventerrein-West

Fan kante mûlen ribbeltsjekarton
liplês ik fonkelnagelnije neonnammen.
Trochride no, wylst op ‘e autoradio Piet nei
“Times they are a-changing”
de winter (it neamen net wurdich) út febrewaris snijt.

Woansdeitemiddei is ATV. Is mei de hûnen deidievje
yn in hoekje bosk, dêr ’t se noch los meie.… Lês fierder

Edwin de Groot

Mei lawaai is net folle sein

logo.ensafh

Fan Jan Kleefstra (Akkrum, 1964) is dit jier by de Friese Pers Boekerij de earste Frysktalige gedichtebondel ferskynd: Fragminten.
Kleefstra hat al wat Nederlânsk wurk op syn namme stean en stiet yn it lân regelmjittich as dichter op ‘e planken. Dit û.o. mei broer/gitarist Romke yn in programma mei foardracht en muzyk. Hy neamt syn gedichten fragminten en besiket mei syn poëzy de romte fan de minskelaeze natuer en de sintúchlike delslach dêrfan (…) del te setten. Syn taal is dy fan de ûnrêst, it lege midden, de ferwûndering. Sa seit it omkaft. No, sa minskeleas is dy natuer net.… Lês fierder

Edwin de Groot

It wytget see

logo.ensafh

(…)
fan de see ferlitten, –
droechfallen is de grûn
in greide wurden foar it fee
(…)

Ut: ‘Leginde’, Sjoerd Spanninga

I

Yn ’e skimerjûntiid sigesaget de binnenwyn
earst noch wat huverich oer de kriten.
Skaait noch wat om yn ’e linige tiennen
fan stege, stoefe wylgekolonnes, mar skielk
fan hûs en hiem ferdreaun.

It greideljocht skikt tsjinstich yn
foar swartsjend skarlekken dat
betûft de polders ynnimt en
stadichwei de pleatsen bestoppet.
Wilens waarmtongjend oranjekarmozyn.

Yn harren elemint no, de flearmûzen.
Stôkblyn weitsjend oer djipstrjemme
fean, oant de dage mei readkoper
oan ’e loft blaast en de houten
rezjiminten wer fersûpe sil.… Lês fierder

Edwin de Groot

Yn ’e tún by C.O.

logo.ensafh
 Cor Jellema

C.O Jellema is berne yn 1936 yn Grins. Syn heit wie doe dûmny yn Beilen en letter yn Hoogland (Utert). Jellema studearre Dútske Taal- en Letterkunde yn Utert en letter hat hy Germanistyk dosearre yn Grins. Troch de poëzy fan Gerrit Achterberg is Jellema op syn fjirtjinde sels oan it dichtsjen slein. Net allinne wie hy in dichter (mei foech 20 titels), ek sette hy wurk fan grutte Dútske (Rilke, Meister Eckhart) skriuwers oer.
 

Kwam iemand in de tuin vanmiddag die,
-ik was afwezig- ik nu denkend zie
daar lopen, die de tuin voor zich herschiep
(…)

Uit: Fata Morgana, C.O.

Lês fierder