Edwin de Groot

Sa leit it derta

logo.ensafh

Blauskerp it stiel dat my snie,
my útbonke ta in mânsel djip.
Myn gerzich hier mei tin fel noch,
kreas oploege foar aanst wer it lid.

Lit dy opdrage yn my,
wês skielik yn dyn dea myn skepper en
ik skep dy.

Dyn lêste frijer bin’k,
ik stel gjin fragen.
Myn kante korpus dyn beskûl, mar

ienris dyn stien bemoaze,
koaiïch op ’e skonken en wy ien.
Dan sil it stiel wer snije, my in
nije leafde skeppe.… Lês fierder

Edwin de Groot

Betsjoend troch Schaafs sûnder sweltsjes

logo.ensafh

Grytsje Schaaf (Ljouwert, 1979) is arsjitekt, sjoernalist en as dichter publisearre se al yn Doar, Hjir en De Moanne. No debutearret se by de Friese Pers Boekerij mei har gedichtebondel sûnder sweltsjes. De titel is in moaie metafoar foar ‘it gefaar’ dêr’t op it omkaft praat fan is. Sûnder fûgeltsjes op in rút kin ien der gau by opfleane. En hokker gefaren sitte der yn dizze bondel? Dat moat de lêzer ‘sûnder falskerm yn poëzy fol beferzen bylden’ útfine.

Grytsje Schaaf signeert

De bondel is opdield yn seis skiften, it earste is ‘Flústers’. Fuort falt op dat Schaaf de arsjitekt net thús lit en de frije dichtfoarm noch frijer makket mei echo’s út dadaïstyske tiden.… Lês fierder

Edwin de Groot

Swije as in fisk

logo.ensafh

En de jonkfrou frege Parsifal:
Hasto de fisker-kening
frege wat him skeelt?

Parsifal: Nee, dat doarde ik net oan,
dus hâlde ik my mar stil.

Jonkfrou: Och, do ûnsillige.
Dat is no krekt syn flok, syn lot.
As dy iene, wichtige fraach
nea steld wurdt, sil hy nea genêze en
sil it him nea noch nimmer wer foar de wyn gean.

Der komt in protte goeds út goeie fragen, Parsifal!

Swije as in fisk

sa mar ynienen is it maatskepke
foar de kofje te grut foar ien
kin in pot HAK twa dagen lije en
duorret in literspak molke krekt wat te lang

soer

it foarbygean makket him
in fisker-kening
tsjin wil en tank syn ryk
allinne
 
 
 

 'Ik Skip' troch Edwin de Groot

Ein febrewaris 2008 is Edwin de Groot syn nije dichtbondel ‘Ik skip’ ferskynd by útjouwerij Bornmeer.Lês fierder

Edwin de Groot

Dûbel gefoel

logo.ensafh

By útjouwerij Venus is yn 2007 de gedichtebondel Ieneach Kening ferskynd. Mei gedichten fan Jelle Kaspersma en tekeningen fan Gerrit Cnossen. Kaspersma hat yntusken in aardich nustje gedichtebondels útbrocht en yn in stikmannich dêrfan sit de kombo fan yllustraasjes en gedichten.

Copyright: Gerrit Cnossen/Utjouwerij Venus (2007)

No kinne dy twa keunstfoarmen inoar hiel bêst oanfolje, ferdjipje, neam it mar. It slagge my lykwols net om echt in relaasje tusken byld en wurd te finen. It fernuvere my dan net en lês yn de parse dat de tekenings fan Cnossen en de poëzy fan Kaspersma neat mei mekoar te krijen hawwe soenen. Yn in ynterview mei Sietse de Vries yn de LC (5-10-2007) seit Kaspersma dat der gjin relaasje is tusken de gedichten en de tekeningen.… Lês fierder

Edwin de Groot

Sjane (acht haikûs)

logo.ensafh

Myself I long for love and light,
But must it come so cruel, and oh so bright?

Leonard Cohen, Joanne of Arc

 
I.
Op ’e skreiershoek
foechleas in stoanjende stee
oarlochsglês ynein

 
II.
Sjane dwelmet om
op in trochnaaid tizehiem
sjitleaden fleane

 
III.
Nacht op nacht op nacht
fleach de siedder op har oan
oant flym him kearde

 
IV.
Mem hat it witten
ringfeart djip en wûnderwiet
seegrien har boeteklaad

 
V.
Inkeld har stimmen
yn barbeknypte keamers
famke praat foar tsien

 
VI.
Brânmûlen flaaie
de edelfrou op ’e troan
splinterflewiel skroeit

 
VII.
Fjoertoer yn it lân
geil folterjende tongen
sykje hout en fleis

 
VIII.… Lês fierder

Edwin de Groot

In poëtyske sjonger of oarsom?

logo.ensafh

Bennie Huisman – ‘It liet fan de lêste reis’ [3:38]
 
 
De Fryske sjonger en ferteller Bennie Huisman hat dit jier Hûs oan See útbrocht. Syn sechsde titel bestiet út in bondel mei gedichten en lietteksten en in CD mei foardrachten en lieten útfierd troch Huisman yn ’e mande mei Frederike Kleefstra en Corinne Staal. Huisman (60) is hikke en tein op it Hearrenfean en al in foech 25 jier warber as sjonger en ferteller, muzikant en skriuwer. As de gemiddelde Fries frege wurdt hokfoar artyst Huisman is, komme yn it antwurd grif mear as gemiddeld omskriuwingen fan de man foar mei termen as skippersfersen, shantykoaren en tradisjoneel.… Lês fierder

Edwin de Groot

Es ist vollbracht

logo.ensafh
Frij nei ‘Herbsttag’ (1902) fan Rainer Maria Rilke (1875-1926)

In skrale stim út in lea fan neat,
sjongt de wyn de bosk en singels ta houtsskeletten.
Sûcht de grûn it einichste ljocht en blêd.

Winterprei en hazzekoal stekke de earen op en
de grienfrucht toait him al mei winterige kaam.
Rispje dus noch gau wat waarm wie, it simmerfruit
yn Weck en folje de fetten mei swiet ferwachtsjen.

Al it swit fan ’t houtsjen, it steapeljen yn de hokken no ferjitten.
Fan de rinte in waarm hûs en hite brij.
Wy kinne lêze, myn leafste, ek mekoar.
De lytse letterkes en oer lottere ekers dûzje.… Lês fierder