Hedwig Terpstra yn petear mei Jelle Krol (Drachten, 1957) oer syn ferlykjend ûndersyk nei foar minderheidstalen statusferheegjende strategyen yn it wurk fan Douwe Kalma (Boksum, 1896 – Ljouwert, 1953) en yn dat fan oare iere tweintichste-ieuske minderheidstaalskriuwers.
Jelle Krol hat Ingelsk en Frysk studearre yn Grins. Fan 1983 oant 1990 wie er redakteur fan Trotwaer. Hy resinsearre Frysk proaza foar de Ljouwerter krante en tegearre mei Popke van der Zee sette er Beowulf oer út it Aldingelsk yn it Frysk. Yn 1987 kaam er yn tsjinst by it FLMD en fersoarge er ferskate publikaasjes fan en oer skriuwer en dichter Douwe Kalma, ûnder oare de Samle fersen (1996).… Lês fierder
