Meindert Reitsma

Ja, goed lêze en skerp tinke is in keunst

logo.ensafh

JA, GOED LÊZE EN SKERP TINKE IS IN KEUNST –
HELDER SKRIUWE NAMMERS EK –
TEKSTFERKLEARRING KIN IN OPLOSSING WÊZE – MAR MISKIEN EK NET

Lit ik begjinne mei te sizzen dat ik it moai fyn dat der in reaksje kommen is op myn besprek ‘Tipeljendewei’ fan de ferskaatbondel Frozen moonlight yn myn hannen fan Josse de Haan (Ensafh, nû. 2, april 2015). Dy reaksje fan De Haan hat my wer oansetten ta it skriuwen fan in reaksje, om it ien en oar rjocht te setten.

De Haan giet yn syn reaksje in tal punten by del. Lit ik dat ek dwaan:

(0)
Hjir skriuwt De Haan dat ik tink dat hy op in eilân sit.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 26

logo.ensafh

 

Feuilleton

26

Werom yn Parys trof Alexander Seleina oan yn ’e hal fan it hotel. It wie tsjin alven.
‘Sitst hjir krekt, tink.’
‘Net sa lang nee, mar ik ha hjirûnder earst in skoftke achter de kompjûter sitten en fan alles en noch wat oer Mahler besjoen. Ik wie ûnrêstich.’
‘Watfoar dei hast hân?’
‘Ik koe neat. Ik wie sa bliid mei jim telefoantsje en ha doe fuort mei Boris Jankoviç skille.’
‘Streekrjocht?’
‘Ja.’
‘Mar nei’t ik him ferteld hie dat it klear wie mei de Bosniër, sei er, dat er net sa bliid mear mei my wie. Hy wist fansels al lang fan dy en my en dat wie him min nei ’t sin.… Lês fierder

Marije Roorda

Swijsum lânskip

logo.ensafh

 

Wêrom in swijsum lânskip oan ’e muorre hingje
dat oars net freget as nei juster en dêrfoar,
de fjoerflinter bewarret as fossyl?

Myn each swalket troch de rûchte,
raffelrânen stikelje de friesloft.
Ik preau in tear tegearre fan
mimerjen yn strieïch reid,
hear de winterhurde grûn heas
en heimfol flústerjen oer leavjen.
Ik jou in werwurd oan de froast
dy’t as in freon it lûd fêsthâldt fan
spattend wetter op ús simmerliif.

Wêrom dit kritend lânskip oan ’e muorre
as in pleister op myn sear?
Ik stoareagje nei it skerpe ljocht
dat linkendewei fersêftet
yn moederaasje mei wat juster wie.… Lês fierder

Josse de Haan

Reaksje Josse de Haan op Meindert Reitsma syn besprek fan ‘Frozen moonlight yn myn hannen’

logo.ensafh

HENDAYE, 29 april 2015
Oan de redaksje fan ensafh – p/a Piter Boersma.

GOED LÊZE EN SKERP TINKE IS IN KEUNST –
TEKSTFERKLEARRING KIN IN OPLOSSING WÊZE –
MAR TSJIN KWEADE TROU HELPT NEAT

Yn ensafh 2, april ’15, skriuwt M. Reitsma yn syn besprek fan Frozen moonlight yn myn hannen:

(0)
…s38
De Haan wennet yn Hendaye, Frânsk Baskelân. Dêrmei hat er in posysje as bûtensteander, yn de Fryske literêre wrâld, mar ek yn oare. Hy fernuveret him oer guon ûntwikkelings: ‘In oait libben bestean dat him net fernijt en ferfarsket, ferwurdt ta in stilsteande dobbe, in bûten de realiteit tahâldend eilân.Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel ensafh 2 2015

logo.ensafh

It binne elektromagnetyske weachjes fan tusken likernôch 380 en 780 nanometer lang. It ferpleatst him mei in faasje fan 299.792.458 meter de sekonde. Us wichtichste natuerlike boarne derfan is in stjer op in lytse 150 miljoen kilometer ôfstân.
Ljocht is fan libbensbelang. It ljocht syn yntrinsike wearde en skientme, foar it tsjuster oer, is in universele minsklike ûnderfining. Ljocht sjocht men as fansels as (attribút fan) it wiere, it goede, it heechste. Mar kinne minsken alle ljocht ferneare? En wurde wy net fan strieljend dwylljocht soms betsjoend?

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

Daam de Vries

Ofskie

logo.ensafh

De titel fan dizze kollum ha ik al moannenlang yn ’e holle en earder ha ik op myn eigen bloch al oankundige dat sa’nsoartige titel der mooglikerwize wol oan siet te kommen. As it my goed heucht wie dat op 12 oktober ferline jier, mar dat ha ik no – tongersdei 30 april 2015, 00.40 oere – net neisjoen.

Ofrûne moandeitejûn krekt foar tsienen gie de telefoan. Us omke dy’t doe al in pear dagen op stjerren lei kundige neffens de ferpleging oan dat er fan doel wie der út te piken en hoewol’t soks net it meast heuchlike barren is wolle de bruorren en susters dêr dan graach by wêze, wat goed te begripen is.… Lês fierder