Meindert (1994) studearret sûnt 2012 Frysk yn it programma Europeeske Talen en Kultueren yn Grins. Hy wie ien fan de fjouwer bestjoersleden fan de eardere stúdzjeferiening Skanomodu. By Skanomodu is koartlyn in soad feroare, dêr’t er ús oer by prate sil. Meindert wennet op in keamer yn Grins. Wy ha dit fraachpetear op de pleats fan syn âlden yn Wytgaard.
Hoe lang bestiet Skanomodu en wa wiene de oprjochters?
‘Stúdzjeferiening Skanomodu hat likernôch sân en in heal jier bestien. De oprjochters wiene Dirk Jan Muntendam, Truus de Vries, Jurrit Jan de Jong en Geart Tigchelaar.… Lês fierder

