Enno Salverda

Moanne emanearret ta in bloedsek

logo.ensafh

 

De see bestiet net,
glêzen drinke op ús lippen.
De wyn waait read efter de koralen.

Net hjir. – Jinsen.

Wy smarre kâlde krobben ûnder ús faam.
Brutsen bonken azemje manjefyk
as stiletto’s yn it fergetten stil orkest.
Fleis leit ree, fan rôvers skreaun.

De side waard net fûn.

Petgatten prate en in draak fleant oer de Lethe.
Wannear’t by hjerst de kjeld en tonge gnyskje blyn:

dan sil de moanne emanearje ta in bloedsek.… Lês fierder

Willem Winters

Marino Marini

logo.ensafh

Wa ken se net, dy hynders en ruters fan Marino Marini. Unbegryplik moai! Mar syn skilderijen en tekeningen, hoe binne dy? Dêr seach ik mar hiel inkeld wat fan. No wiene der yn Swol tal fan keunstwurken fan him te sjen. In unyk barren. En wy hiene dizze eksposysje hast rinne litten, it soene dochs wol wer de wenstige hynders en ruters wêze. Mar nee, ik sjoch fantastyske abstrakte komposysjes, neakten, figueren út it sirkus en portretten, allegear hiel ynkringjend en ûnbegryplik moai!

De akrobaat (1940)

En fan it gebou dêr’t dit allegear te sjen wie, it eardere Paleis fan Justysje, kinne wy neat oars as beare, wat moai, wat ûnbegryplik moai!… Lês fierder

Octavio Paz, Hindrik Wiebe Rinzema

Taaste / Palpar

logo.ensafh

 

Taaste

Myn hannen
iepenje de blinen fan dyn bestean
klaaie dy yn in oare neakenheid
ûntklaaie de liven fan dyn liif
Myn hannen
Fine in oar liif út foar dyn liif

Palpar

Mis manos
abren los cortinas de tu ser
te visten con otro desnudez
descubren los cuerpos de tu cuerpo
Mis manos
inventan otro cuerpo a tu cuerpo… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – febrewaris 2014

logo.ensafh

Nei de winter dy’t net rjocht trochset hat, doart de maitiid it oan om fêst te begjinnen. Griene bledsjes, wite snieklokjes, sjongende fûgeltsjes, se stekke foarsichtich har kopkes op en knipperje tsjin it sinneljocht. Yn de nije boeken fan ôfrûne moanne wize skriezen en staten en iepenloftspullen al foarút nei moai waar en lange dagen. De lingte fan de list docht lykwols tinken dat de de Fryske skriuwers en útjouwers har nochris omdraaie yn har wintersliep. En oars wurdt der faaks noch stind en bret op wat nijs – mar goed dat it wer aaisikerstiid is!

Poëzij

Reinier van Mourik – oerset troch Cees van Mourik
De pleats fan Politiek

mourik

Reinier van Mourik (Ferwert, 1961) is hikke en tein yn Fryslân, hat trochleard yn Grins en wennet en wurket yn Rotterdam.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (16)

logo.ensafh

feuilleton

16

Se fleagen boppe de Atlantyske Oseaan. Seleina sliepte. Alexander Boban seach nei bûten nei de blauwe loft en de wolken yn ’e djipte. Hy fielde him los fan alles en dat brocht him werom nei in momint út syn jeugd. Hy wie santjin en kuiere mei Dubravka, in famke út it doarp, de greiden del dy’t ôfrûnen nei de rivier. It wie in simmerdei.
‘Wy wurde fêst neisjoen,’ sei Dubravka.
‘Dan moatst dyn rêch noch rjochter hâlde,’ sei er.
‘Ik sjoch spoeken,’ sei se, ‘Janko sil it net akseptearje dat ik mei dy gean en net mei him.’
‘Wy sjogge wol.’… Lês fierder

Daam de Vries

Knoffeljende bekkens

logo.ensafh

De meast deprimearjende wize fan it merkbiten en benammen fan it mjitten fan muzikale glâns is wol it konkoers. Ha ris meimakke dat myn blaasmaat yn de bus in epilepsy-oanfal krigen. Dat is no net daliks de meast gaadlike opmaat nei in mei ynmoed brochte muzikale jefte mar seit tagelyk hielendal neat oer de reis en benammen net oer de wille yn de oanrin fan goed tsien wike.

Yn dy tiid wie it noch sa dat de konkurrinsje dêr wat begryp foar opbringe koe en waard yn ûnderling oerlis nei de lotting útmakke dat wy as lêste blaze koene en as it my goed heucht ek noch kampioen waarden.… Lês fierder