Piter Boersma

Molwrot (14)

logo.ensafh

14

Ut it Musée d’Orsay wei kuieren se by de Seine lâns it Ile de la Cité en it Ile St. Louis foarby.
Seleina wiisde him ûnderweis op it Louvre oan ’e oare kant fan de Seine, op ’e Pont Neuf, op ’e Notre Dame.
‘Hjir rinne en om my hinne sjen ha ik it no it measte ferlet fan,’ sei Alexander, ‘ik hoech hjoed net wer earne nei binnen ta.’
Oer de Pont de Sully gongen se de Seine wer oer en rûnen doe nei de Place de la Bastille ta.
Seleina wiisde him fuort op it enoarme griiswite opera-gebou mei oan ’e kant fan it plein de healrûne gevelpartij en blokeftige eleminten en in dakpartij dy’t der ek blokeftich útseach.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

British Petroleum en Europeeske regeljouwing

logo.ensafh

Foar my op it buro lizze in pear A4-kes. Foar in skriuwer is dat net in útsûnderlike situaasje, mar dizzen lizze der al in hiel skoft. Deitekening is 11-12-2013. Meastal lit ik it guod net sa lang lizze, mar dizze papieren sit in ferhaal oan fêst. Wat is it gefal: Ik stean ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel. As ZZP’er.

Dat is in kar, guon ferklearje jo foar gek, mar der is in lân fol gekken, as ik de sifers oer it oantal lytse selsstannigen leauwe mei. Oer it algemien is de relative frijheid dy’t je ha, by in soad kollega’s ien fan de driuwfearen om de baas de groetnis te dwaan, as er dat jo al net dien hie.… Lês fierder

Ane Bote Jukema

jookje of dookje

logo.ensafh

 

myn freondinne
seit tsjin elkenien do,
behalve tsjin
de kening en keninginne

ik fyn dat wol moai

stadichoan
ha ik dat oernommen,
lykas safolle oare
dingen fan har

okkerdeis troffen wy
foar it earst
de 94-jierrige
renommearre keunstner
JanMurk de Vries,
by him thús

ik fielde my sa op myn gemak
oan de keukentafel
by it âlde, freonlike mantsje,
dat ik do tsjin him sei

it wie derút foar’t ik it yn de rekken hie
en ik hie daliks al spyt

ik skrok
doe’t myn freondinne,
dy’t elkenien doket
útsein de kening en keninginne,
JanMurk joke

letter sei se dat se jo sei
omdat hy jo sei
tsjin my… Lês fierder

Willem Winters

PSP

logo.ensafh

Bespotlike lju fansels, dy PSP-ers yndertiid. Hoe krigen se it yn ’e kop dat de wrâld sûnder wapens kinne soe [‘Ontwapenend!’], dat it leger wol ôftanke wurde koe [‘Maak het leger leger’], dat yn alle minsken wol in driuw nei frede oanwêzich is, dat dy driuw allinne mar wekker makke wurde moat: ‘Als het oorlog is, maar niemand gaat er heen…’

Wy hiene it fan ‘e wike noch oer de partijen en de programma’s. It begryp passifisme komst net mear tsjin, it is begroeven, goed djip. Dat komt út himsels net wer boppe, lit stean dat it opbloeit; freegje de âldere minsken mar ris wat passifisme is en se meitsje in gebeart fan eat oer de knibbel te brekken.… Lês fierder

Li Su-song

Skriuw it Frysk tenei op syn Sineesk!

logo.ensafh

Sineeske karakters (hanzi) binne de oplossing foar de kreauwerij oer stavering en standertwurdlist dy’t yn 2013 losbrutsen is yn it Fryskskriuwende wrâldsje. Boppedat soe sá’n staveringsferoaring de Fryske literatuer definityf de grinzen oer bringe. De ferneamde Amerikaansk-Sineeske oersetter, frou Li Su-song, hat sûnt jierren in libbene ynteresse yn it Frysk, en ferdigenet dizze fernijende grutte ljep foarút foar de Fryske skriuwerij.

Mei stiigjende fernuvering hawwe wy hjir de strideraasje meikrigen, dy’t folge op it beslút (24 april 2013) fan it Fryske regionale parlemint en feroarje de skriuwwize fan guon Fryske wurden. Dat in lyts legerke fan skriuwers en skoalmasters him opwurp as hoeders fan de âlde stavering, wie fansels wol te ferwachtsjen.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

“Miskien moatte wy, as skriuwers, better wurk leverje…”

logo.ensafh

Yn petear mei Anders Rozendal oer syn skriuwerij, de KFFB en mear

Thus

Anders (berne yn 1946 yn Easternijtsjerk) is opgroeid yn Nes (Dongeradiel). Yn syn jongfeintetiid hat er fearn, yn Dútslân wurke en frachtweinsjauffeur west. Doe’t der trouplannen kamen, gong er by Philips yn Drachten oan it wurk. In tal jierren ha se yn dat plak wenne. Letter ferfearen se nei De Westerein, doe nei Bûtenpost en, nei tsien jier, nei Ljussens. Sûnt 2008 wennet er mei syn frou Corry Boelens yn Dokkum. Sy ha trije bern en twa pake- en beppesizzers, twa famkes. Syn earste roman wie De Muorre, útkaam yn 2001 by de Kristlike Fryske Folks Biblioteek (KFFB).Lês fierder