Piter Boersma

Molwrot (5)

logo.ensafh

Feuilleton

5

Seleina siet yn ’e wapenhannel. Alteast dat wie ien fan ’e dingen dy’t se die en dêrby wie elk ding de dekmantel foar wat oars. Foar’t se dy jûns Alexander Boban troffen, hie se de moarns mei in fertsjintwuridger fan it Servyske ministearje fan Definsje praat en de middeis mei in wapenhanneler dy’t saken die mei it bewâld yn Kosovo. Se reizge de wrâld oer, hie mei withoefolle lju kontakt, mar wie bûten de sektoaren dêr’t se gedoente mei hie ûnbekend. Hast alles dat se die spile him ôf bûten de iepenbierheid en as dat net sa wie dan bleau sy alteast al yn it tsjuster.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

De tsjerke fan Koartehimmen

logo.ensafh

De tsjerke stiet middenyn it doarp en de mienskip. Sjoch nei it Fryske plattelân en by hast alle doarpen is de bebouwing om de tsjerke hinne plante, al as net op in terp.

Hjoeddeis rint it oantal besikers oan dy tsjerke tebek, soks hat ynfloed op de sinteraasje. Sa’n âld gebou is djoer yn ûnderhâld. Yn guon plakken stiet de tsjerke leech omdat de ferskillend leauwende minsken byelkoar krûpt binne.
Dêr stiet er dan. Docht neat, kostet allinnich mar. Dochs is yn de measte gefallen de goedkeape fariant (ôfbrekke) net oan de oarder. De tsjerke heart by it doarp, is monumint of docht tsjinst by útfearten of as troulokaasje.… Lês fierder

Anne Feddema

Troch eagen út El Fayoum besjoen

logo.ensafh

Paula Modersohn-Becker yn Museum Belvédère

 

PMB 001
Selsportret
Oaljeferve op karton
28,2 x 23 sm (sa. 1898)
Kolleksje Kunsthalle Bremen

Jo moatte net freegje wat in goed skilderij foar jo dwaan kin, mar jo moatte freegje wat jo foar in goed skilderij dwaan kinne. Dat kin eins mar ien ding wêze… goed sjen! In oar antwurd bestiet gewoanwei net. En dan wol in bytsje langer as de ‘trochsneed’ njoggen sekonden, dy’t besikers fan ferskate musea oer it generaal tsjintwurdich troch skine te bringen foar in keunstwurk, sa as in wittenskiplik ûndersyk okkerdeis foar it ljocht brocht. De eagen moatte kontakt ta stân bringe tusken skilderij en hert en harsens (jins hiele wêzen).… Lês fierder

Imke Müller-Hellmann, Jantsje Post

Nammen yn Eastfryslân

logo.ensafh

Yntroduksje by de oersetting fan  it ferhaal Namen in Ostfriesland fan Imke Müller-Hellmann

In healjier lyn moast ik in website oersette fan in feriening Gedenkstätte KZ-Engerhafe. Yn it lytse East-Fryske doarpke Engerhafe hat yn it lêste oarlochsjier in konsintraasjekamp west, en de feriening wol de oantinkens dêroan yn libben hâlde. (Sjoch: http://www.gedenkstaette-kz-engerhafe.de)
Oersettendewei ûntduts ik dat in âldomke fan my, fan wa’t wy altyd tochten dat er yn kamp Neuengamme omkommen is, dêr op de deadelist stiet. Doe’t we dat ûntdutsen, waard ik útnoege foar de jierlikse betinking yn Engerhafe. Ik wie der mei ús heit hinne. It bliek dat de namme fan dy omke dêr al jierren op in monumint stiet, mei dy fan 180 oaren út hiel Europa wei, dy’t dêr stoarn binne.… Lês fierder

Daam de Vries

Nûging fan de iuw

logo.ensafh

Goed nijs foar de 17% fan de Friezen dat oanjout Frysk skriuwe te kinnen: hja wurde nûge dat noch folle faker te dwaan mei’t de útfining fan de iuw soks in stik makliker makket.

De polityk hat op ynstigaasje fan lju dy’t it witte kinne de regels oanpast dat it is no appeltje-eitje. En dat wie it net. Dat sil ek de reden wêze dat út de wittenskiplike ûndersiken net dúdlik wurdt wat a) it nivo fan it Frysk fan dy 17% is en b) hoefolle fan dy 17% ek min ofte mear geregeld Frysk skriuwe as wy alteast de sinteklaasgedichten net meirekkenje.… Lês fierder

Willem Winters

Ljochtpuntsjes

logo.ensafh

Lêsten ha wy nei ’t Lichtpunt yn Kollumersweach west. Wy sammelje nammentlik tekeningen en druksels fan harten en in inkelde geit. Ea begûn dit mei in hartsje fan Van Meegeren. Fral dy stilearre, soft-fokus harten fan him binne populêr. It geitsje dat wy fan him hawwe is eins folle moaier tekene, mei rûch hier. It is folle ekspressiver.

It tal auto’s seit al dat it drok is. Wy stappe de grutte loads yn en steane stokstiif, safolle minsken… men sit oan lange tafels noflik oan ’e kofje en goedkeape fulde koeken. It liket wol in gearkomste fan âld-Kollumersweachsters.
Boppe fine wy wat wy sykje: in reebok en 4 reeën by in berchmar.… Lês fierder

Hanshan, Piter Boersma

earm

logo.ensafh

foarhinne wie ik noch sa mâle earm net
no earst fyn ik oan mysels gjin greintsje fet

wat ik ek doch ik ha de wyn nea ris mei
wêr’t ik gean of stean nea komt it lok my nei

ik wâdzje oan ’e ankels ta troch de drek
bliuw ik thús rattelet de mage my gek

sûnt juster is myn bûnte boarre net mear
no dûnset om myn ryskrúk it mûzehear

oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it sinese orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie.Lês fierder