No foarút,
dan moat ek dêr noch mar ien stean,
sei Klaas,
en mei ien kwasy achteleaze feech
mei de kwaste
skildere er der in beamke by,
as wie er god.
Syn beamkes sille
langer stean
as oaren.
En Klaas seach dat it goed wie.… Lês fierder
No foarút,
dan moat ek dêr noch mar ien stean,
sei Klaas,
en mei ien kwasy achteleaze feech
mei de kwaste
skildere er der in beamke by,
as wie er god.
Syn beamkes sille
langer stean
as oaren.
En Klaas seach dat it goed wie.… Lês fierder
Hearre jo noch wolris dat immen it hat oer trijeletterwurden?
It wie yndertiid al hiel wat at immen it begryp trijeletterwurd yn it iepenbier doarde te brûken.
Elk wist dan wol dat it net gyng om trijeletterwurden yn it algemien [rom, bom, jim], mar om kut, lul en kul. Yn guon rûnten koe men dy wurden net útsprekke. Dat wie taboe. Ik haw it no oer myn legere skoalletiid, begjin jierren ’50, skoalle Porte op It Hearrenfean.… Lês fierder
Oe nee, ik soe nea ‘noait’ skriuwe. Ik griis ek fan ‘nergens’ yn skreaun Frysk, en fan ‘yts’, sûnt ik ûntduts dat der ‘(n)earne’, ‘(n)eat’ en ‘(n)ea’ binne. Mar tefolle ‘(n)immen’ heart dan wer as geefmakke Hollânsk: ‘ien’ en ‘gjin ien’ binne as pronomina folle Frysker ommers. ‘Gebeure?’, nee: ‘barre’. En ja, ik bin sa’n ien dy’t stoef ‘hja’ skriuwe wol, ek al seit njonkenlytsen eltsenien ‘sy’ of ‘sij’ (iksels allyksa). Ien dy’t tsjin de wyn fan ’e taalferoaring yn ‘hokker’ sizze woe (mar dochs net altyd docht), en tagelyk ‘wannear’ mar net ynruilet foar ‘hoenear’. Salang’t minsken de ‘-sk’ mar net fuortlitte yn ‘minsk(e)’ en ‘Nederlânsk’, want dan is wier de ein fan it Frysk yn sicht!… Lês fierder
Feuilleton
I
Doe’t it ferhaal oer de molwrot út wie, seach Seleina ûnferskillich.
Catrinus glimke.
‘Skink my noch mar ris yn,’ sei se.
Hy skonk har wynglês foar de fjirde kear fol.
‘Ik priuw trouwens net iens wat ik drink.’
‘It is goed guod. Is der wat?’
‘Huh. Sa’t ik sei, ik ha nei Madeira west, mar juster en hjoed wie ik yn Fryslân.’
‘Allinne?’
‘Nee.’
Hy frege net fierder. Se sei noait mei wa’t se kontakt hie.
Catrinus koe har fan ’e middelbere skoalle. Se kamen beide fan Ljouwert, mar hy wenne yn Huzum en sy yn it easten fan ’e stêd, oan it Fliet.… Lês fierder
Oait ûntdekte ik it Festival foar Alde Muzyk. Mei in recorder en kasettebantsjes yn de oanslach siet ik by Radio 4 om elk konsert op te nimmen dat útstjoerd waard. Handich dat de measte konserten foar it skoft sa’n 45 minuten duorren en nei it skoft op ’e nij en dat de ynliedings by de muzyk en it applaus nei ôfrin faak sa lang duorren dat ik presys in a- en b-kant mei allinne de muzykútfiering opnimme koe. Ik haw noch trije laden fol mei dy bantsjes en guonnent draai ik noch wolris. Wat moai wie waard einleas griis draaid. De foar my minder nijsgjirrige muzyk levere bantsjes op dy’t op ’e nij brûkt waarden.… Lês fierder
Hingjend yn ’e netten
fan ’e Heare
kin ’k wol âlje of beare
mar freon,
litte wy tegearre leare:
stuiterjend yn ’e stringen
kin neat ús ferneare.… Lês fierder
Lit ús drinke! Want ja, wat nijs, want ja, by in glês wyn wat
wolle wy dichtsje, in licht en huningswiet fers.
Kom, spiel my mei flessen út Chios dweiltroch, en sis: ‘Boartsje,
Hêdulos!’ Ik ferspij in libben yn leechte, as ik net drink.
*
Πίνωμεν· καὶ γάρ τι νέον, καὶ γάρ τι παρ’ οἶνον
εὕροιμεν λεπτὸν καί τι μελιχρὸν ἔπος.
Ἀλλὰ κάδοις Χίου με κατάβρεχε, καὶ λέγε· “Παῖζε,
Ἡδύλε.” μισῶ ζῆν εἰς κενὸν οὐ μεθύων.
*
Hêdulos (Hedylus) kaam fan Samos en wie as dichter warber om it jier 280 f.Kr. hinne. Der is inkeld in hânfol epigrammen op syn namme oerlevere.… Lês fierder