Date Salverda

In trystferhaal

logo.ensafh

As ik myn libben ris oereidzje, sa oan de ein fan it jier, is der net folle bard dêr’t ik spyt fan ha. Ik bin kristlik grutbrocht en ha altiten libbe sa’t in kristen libje moat, dat wol sizze gehoarsum wêze oan de Heare, deugdsum wêze tsjinoer de meiminske en net materialistysk. Dat gong my yn it generaal net min ôf, al sis ik it sels. Mar der is ien ding út it ferline dat my noch altiten dwerssit.

It barde yn in winter earne healwei de jierren santich. Ik wie in teener en gong lykas alle grifformearde jonges en famkes ien kear yn de wike op freedtejûn nei kattegisaasje.… Lês fierder

Willem Winters, Anneke van Renssen

Kompensaasje / pgb

logo.ensafh

KOMPENSAASJE

Ik krige in ynformaasjebrief fan it buro WMO fanwege myn PGB. In prachtbrief. Ik haw him Annek foarlêzen. We wiene slop fan ’t laitsjen. Foar in amtlike brief is er aardich helder, mar der sitte sokke moaie sintsjes yn. It begjint dermei dat de gemeente tajout dat besunigjen op it PGB en it kollektyf ferfier ‘niet is toegestaan op de wijze waarop we dat hebben gedaan. Daarom heeft de gemeente besloten om het PGB dit jaar weer naar de oude situatie te herstellen.’ Hjir swijt men oer in pear saken: der stiet net dat besunigje net mei, op syn Ljouwerters mei it net.… Lês fierder

Jelma Knol

Lang leve Neven

logo.ensafh

Wat hat dyn foarkar foar in sjongstim mei dyn seksuele aard te krijen?
Peter van der Lint skreau dêr ferline wike yn Trouw in bûtengewoan geastich stikje oer. Manlike homo’s hâlde fan glamoureuze operadiva’s, lesbo’s fan counter-tenors, ensafuorthinne.
Ja, it sit by ús thús wol goed, tige tank Peter. Wy witte wer even presys wat en wa wy binne. Man hâldt net fan gillende sopranen, ik bin gek op countertenors, mar wer net op dat izich hege stimke fan Dominique Wisse. Jou my James Bowman mar, fan wa’t ik oars ek net wit wat er is. Mar jou my fral Alfred Deller.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ‘e planke – Desimber 2012

logo.ensafh

Poëzij

Atze Bosch

Neilêzing

KFFB, Dokkum 2012

ISBN 97890 7491 8930

Ferkeappriis € 15,00

In letbloeier, sa soe men de dichter Atze Bosch (1927-2011) wol neame kinne. Syn earste eigen dichtbondel Alles op syn tiid ferskynde pas yn 2009. Doe’t syn ierdske libbensreis dien wie, lei der noch mear as genôch om in twadde bondel út te jaan. Dat is Neilêzing wurden.
Bosch syn teksten sprekke oan troch suver en linich taalgebrûk en springe der bytiden út troch geastige en geastlike rykdom.

Atze Bosch begûn syn dichterlik wurk as oersetter fan koarlieten foar it Kritekoar yn Hilversum, dêr’t er doe syn wurk hie.Lês fierder

André Looijenga

Foaropwurd 78: ensafhierder

logo.ensafh

Wy binne ensafh: wy geane fierder, wy geane troch. De namme fan ús literêr tydskrift jout al oan dat wy sels it ferfolch binne. Hast fjouwer jier lyn is it dat Farsk en Hjir ien waarden as ensafh. Hast tachtich digitale nûmers binne der makke, en yntusken sânentweintich papieren nûmers. En wy geane troch. Ensafh giet fierder.

Op dit stuit binne wy as redaksje ekstra drok dwaande mei de takomst fan ensafh. Der sille dingen feroarje. Hoe’t wy ús fernije wolle, sille wy ynkoarten sjen litte, op jo kompjûterskerm en op papier.

Mar jo kinne der wis fan wêze dat wy it miene mei de Fryske literatuer!… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

Us Kat

logo.ensafh

Piet van Renssen

Dan moatte wy it no mar ris oer ús kat ha. Want hja wie skraachwurk dea. Op in middei seagen wy har fan in stoel op de flier springen. Dy stoel hie in normale hichte, dochs foel ús kat oer ien kant. Langút.

‘Dat is net normaal,’ rôp Anneke.
En der wie mear net normaal. Se hime oerflakkich, har hert bonke ôfgryslik.
‘Dit komt net goed…’
Yn in omsjoch hiene wy har yn it reiskuorke, de jas oan, de auto starten, nei de bistedokter. Hy befielde it bist fan alle kanten. Dêr is er goed yn. ‘Se moat fannacht hjir mar bliuwe,’ sei er.… Lês fierder