Fedde Feikema

Tink om ’e hûn

logo.ensafh

Ien fan de oare kursisten hat in hûn.
O, der sille grif mear wêze dy’t in hûn hawwe.
Der binne yn dit lân hast noch mear hûnen as minsken.
Mar de hûn dêr’t ik jimme oer fertelle wol is in spesjaal gefal.
It is in herdershûn. Nee, net sa’n ien dy’t efter de skiep oan sit en gjint fan it soarte ‘Kommissaris Rex’, mar in Hollânske herder.
It bist harket nei de namme Nora.
No ja, harket is miskien wol wat tefolle sein, mar sa is it wol bedoeld.
Dy hûn hat in libben as in lús op in mear as seare holle.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Sibearysk mearke

logo.ensafh

Snieswit rûn fan de rots yn in smelle stream troch de keale bosk
en de jonge foks syn sturt waard wiet doe’t er fleurich de fazant
de kiel trochbiet. Fûgelbloed yn ‘e snie rûn gear ta in rare tekening,

it like wol in magysk amulet. Letter, de foks wie fuort en de fazant
bonken en fearren, bûgden tinne beammen har ferbjustere oer
de tsjustere symboalen. De ûle, mûs en marter fûnen it ek mar nuver.

De froast dy nacht wie hurd en rûch, it bloed krige in blauwe gloede.
Skuorren, reek en in erupsje. Draaiend, piipjend ljocht dêrboppe.
Satan ûntsnapte razend yn lava, skom flokte read op syn skerpe tosken.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

En streame docht it

logo.ensafh

Besprek Dat it streamt fan Wilco Berga

De alsidige keunstner Wilco Berga hat ferline jier by de Afûk de ferhalebondel Dat it streamt publisearre. Berga rint al in moai skoftke mei yn ’e Fryske literatuer en hat perfoarst net stilsitten. Poëzijbondels, romans, toaniel en folle net genôch. Dêrnjonken is er ek byldzjend keunstner mei in atelier yn ’e havenstêd Harns.

Yn it sinjalemint haw ik tasein om it ien en oar oer de ûntknopings te sizzen. Om sa gau mooglik oan dat ûnthjit te foldwaan, set ik dêrmei útein. Ik haw skreaun dat se almeast de kryptyske kant it neist binne.… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

Gûle / Fan Nyman oant Akim

logo.ensafh

Gûle

‘Silst dat no wol dwaan, dat is foar my in skot foar iepen doel,’ sei ik doe’t Willem oankundige dat hy in stikje oer muzyk en bern skriuwe woe. Hy sette troch en dan wol ik myn ferhaal ek wol kwyt.

Ik wie lêst in pear dagen op ’e flitter, nei in freondinne. Willem skille middeis mei fersmoarde stimme: ik moast fuortdaliks it ynternet op, nei Youtube en dan André Rieu en Akim Camara sykje. Ik wie drok yn petear mei myn freondinne, ûnderwylst Yatzeeënd. Sa giet it altyd as ik by har bin.

Dochs de kompjûter mar eefkes oan want ik wie in bytsje ûngerêst.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd 68

logo.ensafh

Mar de oanstriid om te skriuwen is eins grutter as it lêzen wurde. En dêrmei is fuort noch in soarte fan eksperimintsje foltôge.
Ik hie nammentlik sels altyd tocht, dat wannear’t men net lêzen wurde soe, men der op ’t lêst wol mei ophâlde soe, dat is dus blykber net sa. De oanstriid sil faaks wol bestean bliuwe en men pielt dan faaks noch wol ris wat op in papierke om, mar echt ‘grutte’ produksje bliuwt dan út. Ik bin bliid te fernimmen dat foar my net opgiet.
Hoe is dat mei jimme sa? As der gjin inkeld, of op syn heechst in goede tsien, boek mear ferkocht wurdt, hingje jimme dan de pinne (of kompjûter) yn ’e wylgen?… Lês fierder

Cornelis van der Wal

It Boun dat net bestie

logo.ensafh

Ik lies ôfrûne woansdei, om krekt te wêzen op 25-04-2012, in nijsgjirrich stikje yn it Friesch Dagblad, skreaun troch Abe de Vries. Ik wie it iens mei Abe. Ja, it kin.

It artikel, in soarte fan kollum wol’k leauwe, hie as ûnderwerp it skrassen fan de subsydzjes foar de literêre blêden troch it Produksjefûns. Ek de Frysktalige blêden, de Moanne en ensafh wurde troch dizze maatregel bedrige. De provinsje wol foarearst net byspringe, ek al giet it om in yn ferhâlding skiterich bedrach, foar wichtich kultureel/literêr erfguod. Mar bring dat dy provinsjale amtners mar ris oan it ferstân. Dy hawwe noch nea in literêr blêd fan tichtby sjoen.… Lês fierder