Anneke van Renssen

It digitale tiidrek

logo.ensafh

Der binne in pear ûnderwerpen dy’t in grutte rol yn ús libben spylje: Willems aardichheid oan it sammeljen fan de meast frjemde saken en ús beider probleemkes mei it digitale tiidrek. Willem wie dan ek as in bern sa bliid mei it rekkenwûnder dat in freondinne oan him joech. In fierstente djoer kado, it gefal is in antykje. Fan my mocht it eigentlik net, mar ja. Se woe net fan weromjaan witte en Willem boartet der ûnderwilens graach mei. Dat soe ik ek wol wolle, maar ik haw ik drok mei in oare soarte fan rekkenjen. Better sein: in tekoart oan rekkenjen.… Lês fierder

Willem Schoorstra

Oer erfskip en nasjonaliteit

logo.ensafh

It antwurd op de fraach : Wêrom dochsto ôfstân fan de Nederlânske nasjonaliteit is yn essinsje ienfâldich. Omdat it myn eigen net is. Ik bin nammentlik in Fries en ha út dy reden de Fryske nasjonaliteit. En dat gegeven, dy Fryske nasjonaliteit, wol ik werom sjen yn de gemeentlike basisadministraasje, op myn ID-kaart of yn myn paspoart; brûke kinne op alle mominten dat dêr nei frege wurdt (en ek as der net nei frege wurdt).

Nasjonaliteit tsjut de relaasje oan tusken in yndividu en in steat, kultuer of loyaliteit. It begryp hat in dûbele betsjutting:

1 It hawwen fan it steatsboargerskip fan ien of mear lannen;

2 It op grûn fan komôf of ôfstamjen hearren ta in etnisiteit en (as dy der is) de naasje; nasjonaliteit stiet yn dy definysje los fan it steatsboargerskip.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Auck Peanstra

logo.ensafh

Se hat al sa’n tritich jeugd- en berneboeken op har namme stean: Auck Peanstra (Aukje Hoogland-Peenstra, 1954). Dêrneist skriuwt se toanielstikken, gedichten en romans. Yn 2002 kaam har earste roman ‘Elske din Datter’ út. En yn 2007: ‘Sitebuorren, myn eigen paradys’, in roman oer it plak dêr’t se opgroeide, in pleats op in eilân by Grou. Yn 2011 ferskynde ‘Skamte’, oer in opgroeiend famke dat de hûdsykte psoriasis krijt en dêr net goed mei omgean kin. Se is mei-auteur fan Studio F, de learmetoade Frysk foar it basisûnderwiis, en mei-skriuwster fan de Tomke-ferhalen foar pjutten. Yn 1998 wûn se de Simke Kloostermanpriis en yn 2008 de Rink van der Veldepriis.Lês fierder

Hedwig Terpstra

NNB – Frysktalige punkrock mei folkynfloeden

logo.ensafh

Gosse-Pieter de Vries:‘Frysk bekt lekker’

Bjusterbaarlik hurd” hjit de twadde CD fan de Fryske band NNB. De band is oarspronklik ôfkomstich út Dronryp, oprjochte yn 2007 troch Gosse-Pieter de Vries (sang, bas), Brend Kingma (drums, sang) en Wilco Kingma (gitaar, sang). De nije CD mei 24 nûmers is op 9 april útkaam by Marista Records. De teksten binne allegear yn it Frysk. Inkelde titels binne: ‘Heitelân’, ‘Grutte Pier’, ‘Leaver dea as slaef’ en ‘Spoekrider fan ’e klaai’. De CD is opnommen yn de nije Key Productions studio yn Akkrum, dêr’t sjonger Gosse-Pieter wurket as technikus. Yn de lounge fan de studio hâlde we it fraachpetear.Lês fierder

Anne Feddema

Sosjalistysk wûnder

logo.ensafh

De ingel op ’e trekker rydt oer in ikker.
Dat fine de boeren machtich moai.
Dat wurdt noch wol wat mei dy nije maatskippij. Se jûchheie.
Noch mear ingels komme en siedzje mei de hân.
Hja siedzje fleurige pigminten en pleatse panielen yn ’e grûn
Dan komme der mannen mei petten en revolvers en jeie alle ingels fuort.
De natoer moat no har wurk dwaan dus krije alle boeren in nekskot.
It is it âlde én it nije. Op en yn ’e kluten in tompe God.
Earne takommend jier soenen der Ikoanen út ’e grûn komme moatte.… Lês fierder