Eigenaardige lju fine jo oeral, nim no de dichter/keunstner Alaric Sumner, nea fan heard, mar bysûnder.
Foarige wike wie ik dwaande myn brosjueres, sloppe en tinne boekjes wer ris kreas te plak te lizzen. Ik haw in pear steapels fan dy bledsjes fan sa’n 70/80 jier âld, guon wat jonger, guon wat âlder, oer in grut ferskaat fan ûnderwerpen. No seach ik der ien tusken dy’t hielendal út myn ûnthâld ferdwûn wie. In ekspressyf read-swart omkaft, stinselwurk sa te sjen: titel Songs of nonsens & experiment, fan Alaric Sumner, 1977, útjûn troch de Zimmer Zimmer Press.
It docht jin gjin nij dat yn it kolofon stiet: ‘Performances by the author can be arranged by phoning 01-722 6023.’… Lês fierder