Boeken
Us hiele hûs stiet fol mei boeken. Sa no en dan brekt it swit my út. ‘Komt de souder net del, kin de flier yn Willems keamer it wol hâlde?’ Oant no ta wol, en ik moat sizze dat Willem der in protte oan docht om dizze út de hân rinnende hobby yn de klauwen te hâlden.
Geregeldwei sjout er mei in protsje boeken nei souder, like faak komt er mei in protsje boeken werom. Dy moatte dan nei de Kringloop of Tresoar. Willem sa grutsk as wat: hy rommet op!
Ik wit better. Want dan is der wer in boekemerk yn it FEC en giet Steven Sterk der noch eefkes oerhinne mei de oankondiging dat hy gjin ien, mar twa miljoen boeken hat.… Lês fierder