Fryske literatuer fan de 21e ieu

logo.ensafh

Yn it winterseizoen 2010/2011 organisearre útjouwerij Audiofrysk in seminar oer de stân fan saken yn de Fryske literatuer fan de 21ste ieu. Yn fjouwer lêzingen waarden respektivelik poëzij, toaniel, proaza en it libbensferhaal útdjippe.  De teksten binne te finen op Sirkwy.

Hjir en hjir fine jo de lêzing (yn twa dielen) fan Hylke Tromp oer de poëzij.

Hjir fine jo de lêzing fan Bouke Oldenhof oer it toaniel.

Hjir fine jo de lêzing fan Alpita de Jong oer ot proaza.

Hjir fine jo de lêzing fan Doeke Sijens oer it libbensferhaal… Lês fierder

Ulke Brolsma

De Taj Mahal, stomferfelend

logo.ensafh

‘Wat fine jo dêr no oan?’ De soldaat wiist nei boppe. Je kinne krekt in fjirdel part fan de Taj Mahal sjen. Syn taak yn it libben: de Taj Mahal bewake tsjin ferfelende Pakistani of oaren dy’t nocht oan in oanslach hawwe.
It is kâld yn Agra. Hy hat in moaie griene trui oan en noch in jas der oerhinne. En fansels in flink dreech mitrailleurgewear. Sa kin er se wol reitsje. Dy Pakistani. Want dat is it leauwen hjir, alle kwea komt út Pakistan.
Sa as er it seit begryp ik dat hy der hielendal neat oan fynt. Dit wrâldwûnder, dêr’t hûnderttûzenen besikers alle jierren wer foar nei Agra komme, hy fernuveret him der allinnich mar oer.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Holst op it kariljon

logo.ensafh

Ik hearde ferline wike op in jierdeifeestje dat it lûd fan tsjerkeklokken goed is foar it psychysk wolwêzen fan de minske. It hie wat mei geheimsinnige trillingen te krijen, of soksawat.

No, dat komt goed út, want it brûnzen lûd fan de klok fan de Snitser Martinitsjerke is hjir yn ’e hûs altyd in wolkomme gast. Ik wit net oft dy genêzende krêften ek foar it kariljon fan dizze tsjerke jilde, mar ik genietsje alle dagen fan it heldere tingeljen dat út de loft op my deldwarrelet.

Sûnt in pear moanne spylje de lytse klokken in nije meldij, en, wat kinne jo grutsk wêze om neat, ik werkende de meldij daliks: it kaam út The Planets fan de Ingelske komponist, al soe men dat oan de namme net sizze, Gustav Holst.… Lês fierder

Willem Winters

Master?

logo.ensafh

Okkerdeis krigen wy it ûnder it iten oer de fertuten dy’t it ûnderwiis jin dien hat. Ik wie dêr net sa optimistysk oer. De legere skoalle wie op klas 3 en 4 nei wol goed. (De master yn dy klassen wie strang en sloech mei de lineaal as dyn gedrach him net sinde.)
En ek de Mulo hie syn positive kanten.
Dêrnei wist ik net wat ik woe.
En om’t de kweekskoalle mar in pear hûndert meter fan ús hûs ôf stie bin ik dêr bedarre. Net sa’n bêste motivearring?
Mar hawar, ik haw it yn 5 jier helle. Dat wie yn 1967, mei dochs noch in 7 foar didaktyk.… Lês fierder

Hindrik Spin

buorlju

logo.ensafh

Yn septimber binn’ de buorlju fuort;
is in wike dat ik net hear hoe’t
se hoasfuotlings de doar op en ta,
it paadsje feie en fage.

Om healwei alven alle jûnen
it ammerke ûnder de kraan;
dweil útwringe fan it flierdweiljen.

Se sizze nea wat, gjin knikje
kin der ôf, wylst ik yn har oere fan sykte
steefêst bid ta myn agnostyske god.

Leaver hear ik de slaande doarren
en de jellende bern oan ’e belle,
om in Haribo (petit et gros):
Hé, Jacob mogen wij een snoepje?… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Marten Winters en ‘It Skip De Lading’

logo.ensafh

‘Ik wol graach sjen litte wat de stêd fan himsels fynt.’

Op it twadde plein fan de âlde finzenis De Blokhúspoarte yn Ljouwert leit it tweintich meter lange houten raamt fan it skip De Lading, it projekt fan de stedskeunstner Marten Winters (1969). Ik sykje him op by it skip dêr’t er ek syn kantoar hat.

Foto: Daniël van der Berg

Wat kinst fertelle oer it projekt’It Skip De Lading’?
Marten: ‘It wie de bedoeling dat ik as opfolger fan de stedsdichter ien kear yn de safolle tiid yn de stêd wat dwaan soe dat te krijen hat mei Ljouwert en myn fisy op de stêd.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Wannear’t (moarns betiid) ik dit foaropwurd skriuw wurdt it al wer ljocht oan ’e himel. Wy geane de goede kant wer op wat it waar oanbelanget. Dat it nije wike de foarjiersfakânsje is, seit fansels ek wol wat. Noch efkes en de natoer komt wer op ’e nij ta bloei.
De literatuer bloeit altyd mar troch, ûngelikens hokfoar tiid fan ’t jier wy ek yn libje. Winters geane de edysjes fan sawol de papieren as de digitale ferzjes troch, mar ek simmers (útsein de simmerfakânsje). Skriuwers en dichters bliuwe blykber ek altyd dwaande, want fan harren moatte wy it as redaksje hawwe, fansels.… Lês fierder