Tryntsje van der Veer

Weibrocht

logo.ensafh

It romme, foarname, bûnt dêrkeazen oard,
dyn kertieren, dyn hôven, op wif fundamint,
ik hifkje dyn wicht, fersûp yn dyn wyn.

weibrocht 1

It lichte, trochgeande, werheljend skel lûd,
dyn leanen, stêdspoarten, muzyk foar in sint,
ik ferwinskje dyn hjitte, oertsjûge triomf.

weibrocht 2

It drokke, beboude, rikt yn ’e hichte,
dyn grêften, dyn muorren, omheechsketten krûd,
ik betsjinje dyn brêgen, oars tocht ik ’t my yn.

weibrocht 3

It fileine, dit tsjuster, yntins ferlitten,
yn gloppen, rioelen, dêr hûzet fenyn,
ik sûgje en koarje, bedongje myn hûd.

weibrocht 4

It âlde, breanedich, tiidleas ferwurden,
yn wensten, nijfoarmen, dekôrelemint,
ik sykje en strún, rin frijheid temjitte.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Nei in nije gearkomste is der folop kopij foar wer in pear ôfleveringen fan de digitale ensafh. Dat docht my deugd, mar dat betsjut net dat de skriuwers en dichters yn Fryslân hjeldei hâlde kinne. Der is genôch yn ’e wrâld dat ús omtinken fertsjinnet dêr’t oer skreaun wurde kin. Dat kin de realiteit wêze, dêr’t it ferhaal ‘De nacht fan de seame en it skilderij’ fan tsjûget. Lykwols kinne ek foto’s oanlieding ta kreative útspattingen jaan. Mar wat tochten jo fan wrâldliteratuer oersette yn it Frysk. Folle net genôch. Sels 17e ieuske sprekwurden kin foar ien yn Kanada oanlieding ta gedichten jaan.… Lês fierder

Ytsje Hettinga

De nacht fan de seame en it skilderij

logo.ensafh
De deis dat sy de earste doazen leechhelle, hie sy in seame yn de gerdinen fan de sliepkeamer lein. Lange halen mei in sloppe tried. De einen net fêst. Wêrom hie sy dat sa dien? Wie it om’t sy de trie der dan gau wer úthelje koe?
Sy moast der faak oan tinke, dy jûns. Ek, doe’t se beide nei de sliepkeamer gienen om harren del te jaan. Sy tegearre yn it nije hûs.
Sy hie it him net ferteld, fan dy seame mei dy sloppe tried. It spoeke har deis gauris troch de holle.
Wie sy bang om har op ’e nij te jaan?
Lês fierder
Willem Winters

Grutte Seal

logo.ensafh

Se steane op ’e nominaasje foar it mes fan ’e minister & wethâlder, mar pakke noch gau even út. De biblioteken. Gratis boeken!
Yn in fleurich omkaft, tekst yn read wyt blau, swart en noch in stikje giel, jouwe se elk dy’t wol, in eksimplaar fan De Grote Zaal fan Jacoba van Velde.


In topper, in roman dy’t yn 1953 yn Nederlân útkaam en dêr’t neat fleurichs oan is.
In âlde frou kriget in harsenynfarkt, rekket ferlamme en bedarret yn in ferpleechhûs.
Dêr kriget se te meitsjen mei de hjoed noch altyd problematyske kanten fan de âldereinsoarch, hoewol’t der op dat terrein sûnt de jieren ’50 wol ferbettering kaam is, foarmje de omstannichheden yntramuraal [fral ferpleechhûzen], noch altiten in djippe yngreep yn it libben fan âlde minsken.… Lês fierder