Han Dong, Maghiel van Crevel, Tryntsje van der Veer

Dus do hast de see sjoen

logo.ensafh

dus do hast de see sjoen
do hast har dy foarsteld
de see
do hast dy de see earst foarsteld
en har doe sjoen
sa is dat
dus do hast de see wrachtich sjoen
en hast har dy ek nochris foarsteld
mar do bist gjin
seeman
sa is dat
dus do hast dy de see foarsteld
do hast de see sjoen
miskien fynsto de see sels wol moai
sa is dat – as it tafalt
dus do hast de see sjoen
en do hast dy de see foarsteld
do wolst net
ferdrinke yn it wetter fan ‘e see
sa is dat
sa is eltsenien

Sineeske poëzij

Han Dong, 2006
Folksrepublyk Sina

Oersetting yn it Nederlânsk troch Maghiel van Crevel, heechleraar Sineeske taal en literatuer Leiden.Lês fierder

Tryntsje van der Veer

Weibrocht

logo.ensafh

It romme, foarname, bûnt dêrkeazen oard,
dyn kertieren, dyn hôven, op wif fundamint,
ik hifkje dyn wicht, fersûp yn dyn wyn.

weibrocht 1

It lichte, trochgeande, werheljend skel lûd,
dyn leanen, stêdspoarten, muzyk foar in sint,
ik ferwinskje dyn hjitte, oertsjûge triomf.

weibrocht 2

It drokke, beboude, rikt yn ’e hichte,
dyn grêften, dyn muorren, omheechsketten krûd,
ik betsjinje dyn brêgen, oars tocht ik ’t my yn.

weibrocht 3

It fileine, dit tsjuster, yntins ferlitten,
yn gloppen, rioelen, dêr hûzet fenyn,
ik sûgje en koarje, bedongje myn hûd.

weibrocht 4

It âlde, breanedich, tiidleas ferwurden,
yn wensten, nijfoarmen, dekôrelemint,
ik sykje en strún, rin frijheid temjitte.… Lês fierder