Willem Winters

Oade oan it waskhok

logo.ensafh

Jierren lyn wienen wy op ‘e fyts yn Rouen, op ’e stedskemping. Dy wie mar lyts, mar krige in soad gasten. De kempingbaas en syn help organisearren it sa dat elk plak krige. Mar dan stiene de hearrings fan de ien sa omtrint yn ’e tinte fan de oar. De beide mannen, foar’t se op bed gyngen, makken noch in rûntsje. Wat hiene se de puzzel wer moai oplost.

Dat koene wy ynstimme, mar kaam men yn de toiletromten, dan lei dêr noch in moaie taak foar in pear wurknimmers. De dûsen wiene fet fan de sjippe, oeral swarte hierren oer de flier en de húskes wie ek wol oan te sjen dat men net de earste klant wie.… Lês fierder

Skermer

Friezen en it plús fan Den Haach: ús ûndergong

logo.ensafh

Bliuwt Fryslân in provinsje, in selsstannich lânsdiel?

De simmer rint op ’e ein. It wurdt hjerst en dan winter. Mar dat is de rin fan de seizoenen mar. It lot fan Fryslân moatte wy net yn dat kader sjen. Nei de winter komt der foar de natuer wer in maitiid. Fryslân is net natuer mar kultuer. En as yn de kultuer wat fersonken is, is dat foar ivich. De kâns dat in fersonken kultuerelemint yn letter tiid wer ta libben komt is nihil en as it al wer boppe wetter komt, wurdt it net wer it libbene elemint fan earder, mar is it net mear as in referinsje.… Lês fierder

Jaen

Fryske jûn

logo.ensafh

wy sitte op ’e barte
by buorfrou achterhûs
ús brannettels bloeie
by har troch it stek
lykwols krije wy
kofje en wat derby

oare kant sleat gapje
skiep ús oan, klinkt slach
fan in klyster, dizz’ kant
pypboartet kat mei mûs
troch it kroas skowe
einepyk en ein, foarby

eardere huzen hiel oars
as dizze mar wy jonger
en grutter doe ús dreamen
mear minsken libben noch

mar ek minder want
dy’t dizze dagen
op ús hiemen boartsje
wiene der noch net

de loft kleuret read as
de rosé dy’t buorfrou
ynskinkt, proast

op de minsken en
huzen fan doe, proast
op dy fan no

net folle mear te winskjen
beleaven net, we kinne dit
ommers amper neikomme

ûnderhâlde, slaggen as dy
fan opkommende tonger
net te kearen, proast

op dy’t oer safolle jier
dizze huzen, hiemen

wolkje ús wurden
út ’e sleat wei krûpt
de damp yn ús klean… Lês fierder

Willem Winters

Paradys mei frjemde trekken

logo.ensafh

(Dit esssee is in foarpublikaasje út it boek De wrâld fan Brolsma mei nije essees oer de ferneamde skriuwer Reinder Brolsma. It is Brolsma-tiid. Op 14 septimber binne ferskynd Reinder Brolsma (1882-1953) (Skriuwers yn byld 8 ) en Spegel fan Fryslân, in nije grutte karlêzing út de ferhalen fan Brolsma. Beide útjeften binne gearstald troch Brolsma-biograaf Doeke Sijens, dy’t ek tekene foar de einredaksje fan De wrâld fan Brolsma. Alle trije boeken binne útjeften fan de Friese Pers Boekerij bv.)

Earste moeting

Pas by it skriuwen fan De wite skelk fan Richt (1) yn 1990 haw ik in poarsje boeken fan Reinder Brolsma lêzen.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Eare

Noch net sa mâle lang lyn bin ik frege wurden om de redaksje fan ensafh te fersterkjen. Fersterkjen? Wat soe ik no betsjutte kinne? Lykwols woene se my der wol by hawwe, en dat fielde as in hiele eare. De twa gearkomsten dy’t ik hân ha, wiene wier as in waarm bad. Noflike gearsit mei serieus praat oer literatuer.

Op de earste gearkomste waard ik frege om it einredakteurskip fan Piter Boersma oer te nimmen wat de digitale ferzje fan ensafh oanbelange. Dat gie my hurd genôch en ik twifele wer oan myn kapasiteiten. Lykwols soe ik der geandewei wol yn thús reitsje en fansels koe ik op help rekkenje, sa waard sein.… Lês fierder