Jaen

Grutsk in Fries te wêzen

logo.ensafh

It wie ien fan dy simmers dat wy
mei alles wat wy noadich hiene
achterop bûn op in sneontemoarn
neiwiuwd troch besoarge memmen
mei-inoar dat útsetten nei Harns

It wie ien fan dy simmers dat de
ierappels noch bloeiden en it weet
op it lân stie doe’t wy mei de boat
oergiene en de grutte bungalow-tinte
– dy’t wy by de skuonmakker hierd
hiene – opsetten op kamping Nij-
Formearum mei help fan in
optrommele omke dy’t foar de
wissichheid it wurd Durex
mar ris falle liet

It wie ien fan dy simmers dy’t foar
ien fan ús de lêste of de ien nei lêste
wurde soe, mar dat wist nimmen noch
op Radio Fryslân ien it hie oer in
brutsen kaibonke en Le Jop Zoetemelke
wer twadde waard, ien fan ús blierren
as aaien op ’e rêch hie fan ’e sinne en
dokter sei: moatst mar goed drinke

It wie ien fan dy simmers dat der
fammen fan it Bilt wiene dy’t Freule-
winner Joop Bierma goed koene en
heiten hiene mei pôlen hektares en
jonges oet Twente dy’t as se út ’e
kroech kamen nei Easterein fytsten
om in geit te melken en stoet ieten

It wie ien fan dy simmers dat wy
– nei’t wy miskien nei de Boschplaat
west of midgetgolfd of in sorbet iten
hiene, want sa wiene wy ek noch wol –
op luchtbêden leine of sieten op in
op ’e kant setten kratsje, dat ien fan ús sei:
ik bin der grutsk op dat ik in Fries bin

en dat wy dêr allegear, oer de râne
fan ’e hals fan in fleske hinne,
wat om laitsje moasten, hysels ek… Lês fierder

Piter Boersma

It Fryske literêre libben (3): wat is goed foar de Fryske literatuer?

logo.ensafh

Der binne auteurs dy’t sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk publisearje. It is fansels sa klear as in klûntsje dat se dat dogge om fan beide wâlen te iten. Ik formulearje it mei sin negatyf. Ik bin fan de Fryske literatuer en stel my foarearst op it stânpunt dat in Frysk skriuwer dy’t ek yn it Nederlânsk publisearret wat docht dat neidielich is foar de Fryske literatuer. De Fryske literatuer hat belang by literatuer yn it Frysk en dêrom is foar de Fryske literatuer in troch in Frysk skriuwer yn it Nederlânsk skreaune tekst in ferlerne tekst.
Fansels hat in skriuwer dêr neat mei te skaften, dy wol gewoan syn dingen dwaan.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Uixachetecatl

logo.ensafh

Ik soe ta har yngean op de berch Uixachetecatl,

dêr’t de Grutte Geast net sûnder talint op ferskate
snaarynstruminten spile om te ranen har stiennen hert.

O dochter fan Oboth, striidrop it hynder op,
trommelje op de hynstekop,

waai jo read hier dêr’t grize triedden groeie
oer it ierdryk, slaan mei de sturt
de grize mantsjes yn ’e snút.

It tafal is ús fijân, de tsjerke in gebou
en de skerpe brêge sa smel as in swurd.

Ik sil jo smarre mei myn triljend sied.
Ik sil jo waskje mei myn sâlte sjippe.
Jo binne skjin, jo binne in tunnel,

jo moasten oars mar net stjerre.Lês fierder

Willem Winters

Fûgelmins

logo.ensafh

Doe’t lêstendeis dy rodeler [Olympyske Spullen] omkaam, rekke ik wer ris oer mysels oan it prakkesearjen.
Ik bin gjin held. Jo krije my net op sa’n slydsje, bungy jumpe en berchbeklimme, parasjutespringe, wyldwetterkanofarre, motorfytse, ik doar it net. Om mar net te praten oer dragrace, superbikes en Formule 1 mûnsters.
Sa gek krije jo my net.

Ik bin gjin Icarus, dy’t mei byinoar nifele flerken tinkt fleane te kinnen. Dat fleane allinne mei in spesjale masine kin wit ik al sûnt jierren. Ik lústere nei it radioharkspul Brilstra’s Bromvlieg. Oer in man dy’t fan in simpele brommer in soarte helikopter makket.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd ensafh 24

logo.ensafh

Poezy

Jaen set stoef troch, dus yn dizze ôflevering al wer in “Frysk’ gedicht, ‘Grutsk in Fries te wêzen’: ‘… / It wie ien fan dysimmers dat der / fammen fan it Bilt wiene dy’t Freule- / winner Joop Bierma goed koene en /…’.

Op syn weblog lit Cornelis van der Wal sa no en dan witte dat erwurket oan in nije bondel. Yn novimber 2009 is al in gedicht fan nije risping publisearre op ensafh yn ôflevering 17. En no yn dizze ôflevering ôflevering wer ien, it gedicht ‘Uixachetecatl’: ‘Ik soe ta har yngean op de berch Uixachetecatl, / ….’… Lês fierder

Skermer

Yn godsnamme nei Veere

logo.ensafh

Ik ha in prachtich moarnsskoftke hân. Ik ha mei de rêch nei it rút ta sitten om de sinne lekker op my skine te litten en ûnderwilens in noch prachtiger boekje lêzen, Brieven uit Veere. Noch prachtiger ja, want it giet te fier om te bewearen dat ik niis yn it Nirwana tahâlde, mar de brieven komme dêr wol wei.

It boekje is noch mar krekt út en doe’t ik dat lies ha ik it daliks kocht. Der stean twa brieven yn fan Nescio (ps. J.H. (Frits) Grönloh), mei in moai en nijsgjirrich neiwurd fan Lieneke Frerichs, dy’t Nescio syn sammele wurk en earder al in histoarysk-krityske útjefte fan Nescio syn earste en ferneamdste ferhaal De uitvreter besoarge hat.… Lês fierder

Trailers Moof En Dixi

logo.ensafh

MOOF

Ensemblespiler en regisseur Eelco Venema makket mei de spilers fan Jong Tryater, it ‘belofteteam’ fan it selsskip, in dynamyske foarstelling oer de ûndergong fan in idoal,frij nei Oedipus fan Sophokles. Haadpersoan MOOF is in jongkeardel yn ‘e krêft fan syn libben. Hy hat it makke, is hot en hat it mei syn heldendieden sels ta kening skopt. Mar as syn stêd pleage wurdt troch hingjongeren, Meksikaanske gryp en Q-koartsgeiten, rekkent it folk mear as op oait op syn held. Kin hy de flok opheffe en syn eigen needlot keare? En doart er de wierheid ûnder eagen te sjen? Jong Tryater bestiet út Romke Gabe Draaijer (Iepenloftspul Jorwert), Karel Hermans, Froukje de Jong, Marijn Korver, Ytsje van der Meulen, Brecht Wassenaar (11Stêdetocht) en Theo Smedes (11Stêdetocht, PeerGroup).… Lês fierder