De jonge Flaamske regisseur Sarah Moeremans (1979) (Productiehuis Rotterdam, MTV Extreem, Blind Date – foarhinne Serie Nieuwe Theatermakers) hat har fêstbiten yn Diplodocus Deks, in teatertekst fan har lângenoat Tom Lanoye, ien fan de meast populaire Flaamske skriuwers fan it momint. It stik, oer de fynst fan in prehistoaryske kaakbonke en wat dat betsjut foar in doarpsmienskip (lês: de ien rûkt jild, de oar wol har lân net ferkeapje), is komysk en werkenber. It wurdt fan achter nei foaren spile, as wie it in archeologyske rekonstruksje. Sarah wurket foar dizze produksje mei akteurs út it ensemble fan Tryater (Marijke Geertsma en Aly Bruinsma) en mei gastspilers (Alyt Damstra, Hilbert Dijkstra, Thijs Feenstra, Hans Kroodsma, Mirjam Stolwijk (NNT, NT, searje Wilhelmina), Joop Wittermans en Koen Wouterse (NNT, searje Waltz).… Lês fierder