Piter Boersma

It Fryske literêre libben (2): It paad fan de Moanne

logo.ensafh

It tydskrift de Moanne is fuortkommen út Trotwaer. Wie der earst in literêr tydskrift, no is der – sa’t it yn it kolofon omskreaun wurdt  – it ‘algemien-kultureel opinyblêd (mei Trotwaer, literêr tydskrift sûnt 1969)’. Wêrom’t dat lêste, tusken heakjes pleatste, der noch by stiet? It sil wêze om it histoarysk bewustwêzen fan de lêzers yn stân te hâlden en om de bûtenwrâld net út it each ferlieze te litten of der sels fan te oertsjûgjen dat de literatuer ta de kearn fan it blêd heart. Mar ja, út hoe’t it blêd oantsjut wurdt kin allinne mar opmakke wurde dat de literatuer de ûnderlizzende partij wurden is.… Lês fierder

Heidi Andringa

Aaiskyl

logo.ensafh

Om bittertafel glimpkjend leedfermaak
bysittend folk wat stive blêdeklauwers
dreech, dûbelnekkich, stik foar stik oansjouwers
fan rederykdom, harren earesaak.

Guon ferversfeinten wakker teatraal
de skildersezel fan ús taal hantearje,
steltrinnen yn har rûntes útprebearje;
wiisgearich dogge hja har waarferhaal!

Hast geniaal, de meidielsume taal
fan aaikes yn wurdlidpatroan op rige;
werhellings noch net om har teksten lige.

Oarspronklik sizzen fier fan selebraal
neat sjocht yn ’t sinteklaasferhaal. (mei niget
oan ferbyldzjen socht aaikebrieder taal.)

(Yn novimber en desimber 2009 en ek noch begjin dit jier hat op ’e ensafh site it keunstwurk ‘sonnet’ fan Koos van der Sloot stien. Klik hjir.Lês fierder

Ferdinand de Jong

Sytske

logo.ensafh

Sytske, sanegeitsje, omtrint húsgenoat,
beslútleas stiest skûljend ûnder tongerswolken.
Want wetterdrippen ferwinskesto as wite ûndersoart,
as teoryles ûnder wurkfolken.

Dyn gebittastân rûnút dramatysk,
inkel bôlehapkes kinst noch aardich trochslokke.
Wjerkôgje is bytiden akrobatysk,
âlderdom soesto it leafst ferflokke.

Achttsjin jierren lang ha ’k útrekkene niis.
Bisto, grutte mekkerjende hannebiner op jierren?
Jachtfjilden fol mei ivich geile bokken fisioen.

Appelskyl, kropslaad oankocht foar reklamepriis.
Ik hear dyn gekoanstekkerij fan fierren.
Do bliksemskop, mar aldergelokst: sûn!

(Yn novimber en desimber 2009 en ek noch begjin dit jier hat op ’e ensafh site it keunstwurk ‘sonnet’ fan Koos van der Sloot stien. Klik hjir.Lês fierder

Willem Winters

50 cm ø

logo.ensafh

50 cm ø

Fan’t simmer moasten wy dan dochs mar ris Beieren oandwaan, hienen wy tocht. Fertelden wy dat oaren, dan wie de reaksje sûnder mis itselde: Beieren? Koekoeksklokken en bier!
Mar wy lieten ús ein net slûpe, mei in grutte bôge fia Frankryk en Switserlân kamen wy yn Beieren. It lânskip is beslist moai. Men hat der bergen en heuvels. Gelokkich hawwe de kij dêr minder faak bellen om ‘e nekke as yn Switserlân. Dat geklingel is slimmer as de F 16’s thús.
En stêden as Neurenberg en München roppe kjelmeitsjende assosjaasjes op.

Yn München seagen wy in eksposysje fan Thomas Schütte, yn it Haus der Kunst.… Lês fierder

Andries Miedema

Teplak

logo.ensafh

De dei wie dien en op dy skiere jûn,
wylst skimer ‘t grien ûntnaam fan ’e dampe miede
in keppel kij yn dize driuwend rûn,
foel stiltme efkes wei troch ’t klokkelieden.

Ut ’t rûge perk naam ik fiif fingers ierde,
woech op ‘e hân as wie it goud de grûn.
De frou dy’t neist my my troch ‘t libben fierde,
oereage ‘t fjild oant dêr’t de kym ferdwûn:

Set hjir ús wente want as moarn de sinne
de greiden gloedzje sil en ’t libben tiert,
de fûgels sjonge oer it rûzjend liet

fan reid en ’t hoare boerewurkjen hinne,
stean wy dêr yn ’t fermidden mei ús plannen
en ’t honk foar alle tiid ûnder de pannen.… Lês fierder