Ruurdtsje de Haan

Pomnet

logo.ensafh

pomnet-ruurdtsje-de-haan

(Yn novimber en desimber 2009 en ek noch begjin dit jier hat op ’e ensafh site it keunstwurk ‘sonnet’ fan Koos van der Sloot stien. Klik hjir. It is eins in byldsonnet, want it is makke fan lege aaidoppen dy’t pleatst binne yn ’e foarm fan it klassike Petrarcaansk sonnet.

De redaksje noege besikers fan ’e site út om mei it keunstwurk fan Van der Sloot as formele basis in sonnet yn wurden te skriuwen.

Wy krigen fjouwer ynstjoeringen binnen, twa dêrfan, Ruurdtsje de Haan en Heidi ha har hielendal of hast hielendal oan it foarlizzende skema hâlden.

Andries Miedema hat him al ynspirearje litten ta in sonnet, mar folge it skema, ek it rymskema, fan Van der Sloot net, dat die likemin de fjirde ynstjoerder Ferdinand de Jong en dy naam ek frijheid wat it tal wurdlidden yn ’e rigels oanbelanget.Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Poëzy nei oanlieding fan it aaisonnet fan Koos van der Sloot
(Yn novimber en desimber 2009 en ek noch begjin dit jier hat op ’e ensafh-side it keunstwurk ‘sonnet’ fan Koos van der Sloot stien. Klik hjir. It is eins in byldsonnet, want it is makke fan lege aaidoppen dy’t pleatst binne yn ’e foarm fan it klassike Petrarcaansk sonnet.
De redaksje noege besikers fan ’e ensafh-side út om mei it keunstwurk fan Van der Sloot as formele basis in sonnet yn wurden te skriuwen.

Wy krigen fjouwer ynstjoeringen binnen, twa dêrfan, Ruurdtsje de Haan en Heidi ha har hielendal of hast hielendal oan it foarlizzende skema hâlden.… Lês fierder

Reaksje fan Koos Tiemersma

logo.ensafh

Oer weitsje en sliepe

Sjoch ris oan: Ensafh. en Piter Boersma binne wekker. Us digitaal blêd ferkundiget sels in miening en dat mei in unikum neamd wurde. Dan moat der wrachtsjes in kwestje fan formaat wêze en dat is der dan ek: hélp, straks moatte wy fierder sûnder It Boun…

Earst dit: it is net ‘Koos Tiemersma’ dy’t It Boun opheffe wol, soks wurdt útmakke troch de léden. Piter Boersma hat jierrenlang bestjoerlik warber west, mar dit prinsipe dat foar elke feriening jildt, is him sa’t it liket ûntgien. It is spitich om it fêststelle te moatten, mar blykber is der earst in klap op ’e tafel à la Lakeman nedich om derfoar te soargjen dat guon de slûge kop út it sân skuorre, ferwyldere om har hinne gnuve en dan dogge wêr’t sa’n soad yn it Fryske MickyMouse-wrâldsje sterk yn binne: yn in goedkeape refleks sjitte en op de man spylje.… Lês fierder

Nijjierstaspraak 2010 Koos Tiemersma

logo.ensafh

Nei in jier fan ynspraak op it letterebelied fan de provinsje is it no stil wurden, in stilte dy’t him goed lient om opfolle te wurden mei in pear kanttekeningen fan de kant fan it Skriuwersboun. De ynspraak bestie út in pear gearkomsten mei in heech ‘roept-u-maar-gehalte’. Elk koe mar raak ynbringe, en dat waard dan ek mei ynmoed dien. Sa hat it Boun him û.o. sterk makke foar de ferbettering fan de finansjeel swakke posysje fan skriuwers, om mar ris wat te neamen. No sille guon opmerke dat soks net nedich is om’t Fryske skriuwers harren wurk dochs as hobby sjogge en der net fan hoege te bestean, mar sa’n lege beleanning foar it skriuwen yn bgl.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

Father and Son

logo.ensafh

in soan dy ’t wat seit:
   tink mar datst in heit
mar mem dy giet foar
   oars hat it nea west

as er syn heit de rêch
   takeart en sûnder groet
as soarte ferlerne soan
   lang omtoarke hat

in jûn let en hy komt
   nei hûs ta en sa’t it
gong sa sil it gean
   oars hat it net west

en it is in heit dy’t
   de jonge bliid noadet
en him om wat spyt
   per se net bekroadet

rju sit it folk der by
   as it feest is yn ’e lijte
tee en dúmkes, nachts
   ek wat brandewyn

rikke ieltsje der op ta
   wat sei ’k
en it sil rûzich wê-
   ze op dat stee

en elk dy sliept yn de
   dream it mearke dat
yn de dei
   tekoart skeat

in hoart is it
   noch gjin fraksje fan wat
swijen wie it wat er sei, dat
   te lang hat er útsjoen

ien jûn en dat wie jûn
   let, wa ferwachte noch
syn iene stap út tûzen
   wa dat tinke kind

it âld ferhaal fan
   jierren yn ’t ferletten
en yn de boeken skreaun

   rigels dy’t as wetten
fan it papier ynprinte
   en sûnt oerein bleaun

rju sit de jonge der by
   blide mem-en-dy
en it is feest yn ’e lijte

   troch de stjerren bekike
ta de moanne alles gûld
   efter it ear ynskúnd

rik der nei en gryp it ris
   en ek dat it wer yn oarder is
tocht pake prom ris… Lês fierder