Arendz’ Arends yn reprize

logo.ensafh

Yn Arendz’ Arends fertelt Jan Arendz, sa as allinne Jan dat kin, oer syn hast-nammegenoat skriuwer Jan Arends. En rekket mei him yn petear. Hie Jan Jan helpe moatten? Hat Arendz wol wat fan Arends? Hy krûpt yn ‘e hûd fan de skriuwer, om syn gedichten foar te dragen en de rânen fan Arends’ siel te ûndersykjen. Jan Arendz hat de dryste skuon oandien en de foarstelling makke dy’t him al sa lang troch de holle spoeke.

De regy is fan kabaretier, akteur, sjonger, tekstskriuwer én regisseur Rients Gratama.

Sjoch op Tryater foar de spyldata

Lês fierder

‘Mare Frisicum’ fan Jaen ek al op de site fan Trouw

logo.ensafh

Nei it gedicht ‘Blaugerzen’  fan Edwin de Groot (sjoch in oar item op Poadium) is no ek it gedicht “Mare Frisicum’ fan Jaen, dat ek publisearre is yn de 20e ôflevering fan ensafh.

Klik hjir dan komme jo op de side mei it gedicht ‘Mare Frisicum’ fan Jaen.  Fia dy side kin klikt wurde nei fierdere ynformaasje oer it Trouw-projekt en kinne jo reagearje / jo eigen gedicht  ynfiere. Der sil ek in boekje mei de gedichten ferskine.… Lês fierder

Oprop! Gedicht ‘Blaugerzen’ fan Edwin de Groot op ’e site fan Deiblêd Trouw. Wa folget?

logo.ensafh

Foar gedichtedei 2010 sammelt Trouw.nl, de site fan it deiblêd Trouw regionale gedichten. Dichters, set jim wurk op ’e kaart! Elk gedicht fan dyn wenplak, buert, dyn favorite plakje of in oar regionaal ûnderwerp is wolkom.
Klik hjir , dan komme jo by site fan mei it gedicht ‘Blaugerzen’ fan Edwin de Groot. Fia dy side kin klikt wurde nei fierdere ynformaasje oer it Trouw-projekt en kinne jo reagearje / jo eigen gedicht  ynfiere. Der sil ek in boekje mei de gedichten ferskine.… Lês fierder

Piter Boersma

De Groot tsjin himsels: ‘Do bist de kapitein!’

logo.ensafh

De titel fan de debútbondel fan Edwin de Groot út – al wer – 2008 is Ik Skip, in tradisjoneel dichterlik byld, tink ik by it sjen derfan, de komprimearre formulearring fan ‘Ik bin in skip’, mar krekt troch dy komprimearring him foardwaand as de titel fan in bondel mei moderne poëzy, as in bondel fan no, al hoewol’t it wol wat forsearre oandocht. Dat hat de titel my allegear al meijûn.
No earst ris sjen oft yn de bondel ek in gedicht stiet dat sa hyt. Nee, docht bliken, mar al blêdzjende fyn ik de titel werom as rigel yn it gedicht ‘Suderkrús’ (s.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is de lêste ensafhynternetôflevering fan 2009, mei it gedicht ‘Mare Frisicum ‘fan Jaen, mei dêryn de rigels: ‘sinne strykt oer Schylgeralân / en oer Hessel syn one street town / oer fyts- en ruterpaad / oer wykein en oer wrâld’; mei it ferûntrêstigjende ferhaal ‘Tritich jier sechtich’ fan Hidde Boersma en it twadde ferhaal oer syn fytserij by de Mont Ventoux op, ‘In man wurdt âlder’ fan Bert Bakker; mei in desimberkollum fan Willem Winters en in sniekollum fan Skermer; mei in oersetting troch Anne Feddema fan proaza fan de Russyske absurdist Daniil Charms; mei in besprek troch Piter Boersma fan de de debútbondel Ik Skip fan Edwin de Groot.… Lês fierder

Jaen

Mare Frisicum

logo.ensafh

Sinne strykt oer Hoarne
oer de huzen en de tsjerke
bosk en dún
en dyk en Waad
oer de skoalle mei de skelters

en oer ’t begraafplak
mei de jonges dy’t hjir
earder boarten

sinne strykt oer Schylgeralân
en oer Hessel syn one street town
oer fyts- en ruterpaad
oer wykein en oer wrâld

oer de kearen dat ik hjir kaam
en oer al de tiid hjirnei
strykt de sinne
hjoed sjoch ik it

ik bin in eilân yn ’e Fryske see… Lês fierder

Hidde Boersma

Tritich jier sechtjin

logo.ensafh

Sa’n grap hie ’k oars graach ris úthelle mei Tony de Vietnamveteraan. Ik kaam mei Tony yn ‘e kunde oan ‘e rinnende bân fan in pakketdistribúsjesintrum. Yn ’t skoft sieten we altyd mei guon oaren oan deselde tafel. Hy stiel myn hert mei syn fabuleuze taal, in mjuks fan Nederlânske en Amearikaanske slang.
Op in dei moasten we de iene pallet nei de oare folsteapelje mei pakketten foar swangere froulju en farske memmen. Goh, tocht ik, de steat jout swangere froulju in startpakket.
‘A lot of these boxes,’ sei ik tsjin Tony doe’t de bân even stil stie.
‘Yeah,’ sei Tony, ‘alotta pregnant motherfuckers in Nederland.’… Lês fierder