Jaen

Fryske froulju

logo.ensafh

of more than a certain age
hjoed bin ik the poet of jim place

sjoch ik jim rinnen, allinne, tegearre
yn ’e kloft, reade noazen yn ’e
wetterkâlde freedtemiddei
novimberloft

kleurspielde krollen, reinjassen
en útpuoljende lêsbril-, kaam-
en bûsdoektassen

hammerteannen en trou beminnen
ried ik, sunich garjen en frede bewarjen

fan dûnsles
en folksdûns en
yn ’e wyn op fytserij fersliten
heupen – ik herken se oan ’e hip –

jim nei oanbiedings sneupen
jim skeine spruten, snorhiertuten
fiel ik, jim ferbiten
winsken
groeden
jim ferwoeden

jim ha ús yn ’e ruften teard
de wurden leard… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Poëzy
Yn dizze ôflevering slacht de poëzy foar master op. Jaen bringt hulde oan de ‘Fryske froulju’: ‘hammerteannen en trou beminnen / ried ik, sunich garjen en frede bewarjen’.
Anne Feddema draacht it gedicht ‘Wa’t my foar de fuotten rint’ by, in gedicht mei in útsmiter. It ‘aaisonnet’ fan Koos van der Sloot is der ek wer by.
Skermer syn kollum giet ek oer poëzy, nei oanlieding fan in blomlêzing fan poëzy fan oeral: ‘Foar alle wissichheid, it giet om oersettingen fan poëzy út oare talen, der stiet gjin Nederlânsktalige poëzy yn, dat is spitich, want it hie hiel nijsgjirrich west om te sjen hokker Nederlânske gedichten in plakje by dy 300 krigen hiene.… Lês fierder

Ulke Brolsma

In God we trust

logo.ensafh

‘God is my business,’  knettert it yn myn earen. It komt as in tongerslach út de himmel, dizze earste jûn yn Yangon. Eartiids hie it in oare namme: Rangoon, Birma . It is efkes wenne yn de haadstêd fan de diktatuer. Net dat der oeral militêren te sjen binne, mar je witte, it doocht hjir net. Ynternet wurdt kontrolearre, hotmail is ôfkapt, it is in diktatuer. De militêren binne hjir oan it bewâld.
Nei de ynstallaasje yn in ienfâldige hotelkeamer is it tiid foar in earste Birmeenske hap yn de ytseale fan it hotel. It is hjir allegearre wat oars as oars, ik bedoel de betsjinning bestiet út mannen mei jurken oant de ankels ta.… Lês fierder

Skermer

Berne foar it paradys

logo.ensafh

Minsken binne berne foar it paradys. Sa sjoch ik it. Net foar de hel.

Mar dât is wol de omjouwing dêr’t se har yn rêde moatte. Ik bin net nayf.

Ik siet mei trije jonge minsken oan in taffeltsje yn it Grand Café fan it Gemeentemuseum yn Den Haag. Wy hiene de útstalling Cezanne-Mondriaan-Picasso besjoen. It wie oan in kop kofje of oars wat ta.
Ik seach nei dy jonge minsken en tocht: se binne berne foar it paradys.
Dat wie in emoasje.

It buorjonkje dat troch de hage ropt: ‘Hee.’ En wat letter: ‘Wat dogge jim?’ It buorjonkje, dat jin trouhertich oansjocht en gjin kwea yn it sin hat en folslein betrouwen yn jin stelt.Lês fierder

Andries Miedema

Teplak

logo.ensafh

De dei wie dien en op dy skiere jûn,
wylst skimer ’t grien ûntnaam fan ‘e dampe miede
in keppel kij yn dize driuwend rûn,
foel stiltme efkes wei troch ’t klokkelieden.

Ut ’t rûge perk naam ik fiif fingers ierde,
woech op ‘e hân as wie it goud de grûn.
De frou dy’t neist my my troch ’t libben fierde,
oereage ’t fjild oant dêr’t de kym ferdwûn:

Set hjir ús wente want as moarn de sinne
de greiden gloedzje sil en ’t libben tiert,
de fûgels sjonge oer it rûzjend liet

fan reid en ’t hoare boerewurkjen hinne,
stean wy dêr yn ’t fermidden mei ús plannen
en ’t honk foar alle tiid ûnder de pannen.… Lês fierder