Skermer

Majakowski

logo.ensafh

In fraach:

Tsja,
kinsto
in nachtliet fluitsje
op ’e wetterlieding?

Hy kin it!

Ut it fluwiel fan myn stim
snij ik mysels in kreaze swarte broek;
in giele jas út twa meter jûnsrea.

Mar hy dichtet dit:

Op ’e Reade See swalkje slaven
muoisum in galei roeiend.

En dan:

En dêr slacht harren fjoer flam as in liere
no’t de mûle reade lieten grimet.

It hert
wosken
yn ’e stoarmwyn Oktober
wat jout dat
om sinneûndergongen oan see.
Dat hert wurdt beroerd
fan it moaiste lânskip.
Neat oars wol it as dy,
Revolúsje allinne!

Mar ek dit:

Dêr donderet in hynder om.… Lês fierder

Goffe Jensma

Giftige simmer

logo.ensafh

1
Stel, immen — neam him de persoan X – komt nei jierrenlang fan hûs west te hawwen werom yn — neam it mar it plak Y. It plak Y dêr’t er berne is, hikke en tein, dêr’t er boarte hat. X reizget dy dei mei de trein en as er op it stasjon útstapt dan wurdt er yn ienkear oerfallen troch folsleine panyk: ‘Myn hert jage my wylst ik út dy trein stapte. Mar it bûnze, lit my it mar earlik sizze, alhiel net fan folsleine bliidskip. Ja, it die my al goed, — ik wie der sels wol in bytsje grutsk op — dat myn stêd no gjin ynsliept provinsjestedsje mear wie, mar krekt likegoed oan it Europeeske spoar lei as de haadstêden fan it lân; mei in streekrjochte ferbining mei Hamburch, Berlyn, Parys – neam mar op!… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

Libbensbeam

logo.ensafh

Soenen se wol witte wolle
wa’t hjir my is yn dit hearehûs,
de wite ingels yn wifelljocht
mei it lege buordsje neist de doar?

Yn de kelder fyn ik gjin gehoar
mar frjemde tikken op ’e estrikken,
fjouwer doarren en ien derfan op slot,
skoftige skaden op griis granyt.

Boppe wennesto, yn kjeld en spyt
moat ik trije slingertreppen gean
en kin dy nea ferraskje, hymjen
op de eftergrûn fan ús gepraat.

Nei ûnderen bin ik op ’en paad
troch de jellengongen nei de hal.
De doar is breder as in deakiste,
in libbensbeam groeit út it rút.… Lês fierder

Frank Roger

De baarnende frou

logo.ensafh

De roazen ferspraten in hearlike rook yn ’e krekt opkommende jûnskoelte. De lêste strielen fan ’e sinne ferljochten inkeld noch de wolken heech boppe de kime. No waard it gau kâlder, en de wolken ferkleuren fan hel-oranje nei karmyn en pears. Dochs bleau de man yn ’e iepen feranda stean. Hy stie dreamerich yn it dizich-bewegende tsjuster foar him út te stoarjen, en yn ’e fluch swart wurdende himel ferskynden hjir en dêr twinkeljende stjerren.
Hy gie sitten yn ’e reiden stoel, en naam it glês konjak fan it ebbehouten taffeltsje. De amberkleurige floeistof wie frijwol gitswart yn ’e skimer. Hy liet de floeistof rûndraaie yn it glês, en tocht oan neat yn it bysûnder.… Lês fierder

Piter de Groot

Rapport advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2009

logo.ensafh

Op 15 oktober is oan de dichter Anne Feddema de Gysbert Japicxpriis 2009 útrikt. Dizze provinsjale priis wurdt ien kear yn ’e twa jier takend om en om foar proaza en poëzy. Dit jier foar poëzy. Anne Feddema krige de priis takend foar syn yn 2005 ferskynde bondel ‘Reidhintsje op ’e Styx’.

ensafh hat fan de advyskommisje tastimming krigen om harren rapport oan de provinsje te publisearjen.

UNYK TALINT SÛNDER WJERGEA

Achte boargemaster, achte deputearre, achte oanwêzigen, alderearst Anne Hendrik Berend Feddema, om wa’t it hjir fan ’e middei allegearre draait. Mei út namme fan Geertrui Visser en Frits van der Kuip, mei wa’t ik yn de advyskommisje sitte mocht en dy’t ik hjirby tankje foar it noflik oparbeidzjen, lis ik graach ferantwurding ôf fan ús kar.… Lês fierder

Anne Feddema

Dea lâns de dyk 1

logo.ensafh

Foar Drs. P. (1919-…)

We ride
Troch Ruslân
Yn in bus
Earne yn ’e ‘Gouden Ring’
Tusken Suzdal en St. Petersburch
Sit ik haha mar mei dy aap
Dat lilke ding
Ik ûntkom der net oan
Dan flitst eat foarby
It liket hiel gewoan
Tusken dream en bjirkebeam
Foar it rút fan ’e rjochterkant
Minsken yn fleurige klean
Se steane ticht by elkoar
Dat is no net mear ferbean
Mar wat hie ik sjoen?
Mei dizze eagen
Draai film fluch werom
It wie de dea op skreagen
In kiste mei in lyk
Samar yn it sicht
Samar lâns de dyk
Man, frou
Jong, âld
Ha ik sa gau net sjoen
Lokkich is it net kâld
Lichem kin maklik yn ’e grûn
Men hoecht net te hakjen
Dêrnei sille se grif drinke
Ite, miskien fan boarden
Ea noch kocht yn
It Paradys op ierde
Yn Moskou
It warehûs
Goem.… Lês fierder

Willem Winters

Trelers

logo.ensafh

Sjoch, sjoch! Annek skrikt fan myn razen. Sy rydt en ik hâld de rûte by. Underweis nei de Pyreneeën.
Foar ús rydt in Blue Water! Mar earst mei in foto fan ’e sydkant kin ik myn stikje oer de typografy op trelers & oplizzers dien meitsje.
It begûn sa’n tweintich, fiifentweinich jier tebek. Yn in krante lies ik in stikje oer de lange linen dy’t op treler & truuk kombinaasjes oanbrocht waarden. Diagonaal oer de trúk, lange line[n] oer de treler. It waard in hiele hype, sokke strepen dy’t snelheid suggerearje. Ik wie noch materiaal oan ’t sammeljen, en doe ûntstie der al in nije trend: trelers mei tekst.… Lês fierder