… Lês fierderMoarnsoere
En wylst it grutske himelljocht
út kimen yn bôge troch bôgen fljocht,
stapt as in breid opkape,
mei ûnútskynber poarper fjoer,
bestrielt de bosk en delten oer
en grûns-grien-blomde lape.En wylst it wetter as opslûsd
en bochtich lâns de lichten brûst,
de fûgels turreljurkje,
en wilens beam en blom en blêd
mei daudrips-pearlen wurde omfet,
dy’t foar natoer mei’ buorkje.En wilens dat de Zephyr djoeit
en leafleas mei beams tûken stoeit,
waans pûsters noflik fleane,
en wilens dat de molkfaam feit
of blier mei harre buorfeint geit,
en mieren it gers ôfmeane,de swan har fearren kjimt op it nêst,
de ljip syn krop mei wjirms mêst
of tommelt oer kop en nekke,
soe inkeld ik lûs-liddich stean?






