A.IJ. van den Berg

Skriuwen is in tekst yn alle ûnwissens mei de stream meijaan. As net?

logo.ensafh

De Portugeesk-Nederlânske auteur José Rentes de Carvalho skreau al yn 1999 yn syn deiboek dat er graach in eigen website ha woe. Sinjalen woe er der opsette, mei de yntinsje

waarmee men vroeger flessen in zee wierp

It soe noch jierren duorje, mar doe hie er in weblog. Spitigernôch is dat al yn it Portugeesk. Mar dêr giet it my no net om. Ik brûk dit foarbyld fan Rentes de Carvalho om oan te jaan dat it idee om flessen yn see te goaien oait in hiel brûkbere metafoar wie foar it idee wêrmei minsken wat op it wrâldwide web publisearren.… Lês fierder

Andries Miedema

Heinrich Heine oerset

logo.ensafh

Wandere!

Wenn dich ein Weib verraten hat,
So liebe flink eine andre;
Noch besser wär’ es, du lieszest die Stadt –
Schnüre den Ranzen und wandre!

Du findest bald einen blauen See,
Umringt von Trauerweiden;
Hier weinst du aus dein kleines Weh
Und deinen engen Leiden.

Wenn du den Steilen Berg ersteigst,
Wirst du beträchtlich ächzen;
Doch wenn du den felsigen Gipfel erreichst,
Hörst du die Adler krächzen.

Dort wirst du selbst ein Adler fast,
Du bist wie neugeboren,
Du fühlst dich frei, du fühlst du hast
Dort unten nicht viel verloren.
 
Heinrich Heine

út: ‘Ich weiss nicht was soll es bedeuten’, Den Haag/Antwerpen, 1956

 
 
Fan ruten!Lês fierder

Foaropwurd 104

logo.ensafh

foaropwurd 104

fan freed 23 novimber 2007

Dit is F-nûmer 104, in nij haadstik byskreaun yn it lange oersjoch fan Farsk-additiven, in list al hast like lang as de E-list dêr ’t Koosje Melis sa mei omrint. Kinne jo se, dy E-nûmers op de ferpakking fan wat jo ite?
Heare jo ek by it leger fan etiketlêzende zombie’s yn de supermerk? Dy lju dy’t -hoewol minder leven meitsjend- like ferfelend de wei nei jins favorite pizza blokkearje as de breedút kletsende kloften fan inoar treffende kunde yn ’e gongpaden? 
 
Binne jo faaks ek sa ferslaafd oan it witten-wat-jo-ite dat oaren der gek fan wurde?… Lês fierder

Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh

Twa Gedichten foar syn dochter Cynthia Lenige

Fan it nolkst fernoegen foege.
(By har 23ste jierdei)

Dy’t sûnder rym-wjok rymt, dy krûpt ear as er fljocht,
mar plichts-oantrún teamt stiif, wa kin needs-twang ûntwine?
Al lit de keunstmin har ek yn de ienfâld fine,
natoer jout wat se hat, har tinkkrêft is oprjocht

en seingt dy dêrom, fan it nolkst fernoegen foege.
Dy sillige wittenskip fangt lâns dy rjochte line:
soe ik myn sielsnju net oan har ferjierdei bine?
Ja dochter, ik gjalpje him út! Hark sjongfaams jûchhei-jûge.

It bliuwt ferdjer fan geast om fuort te turreljurkjen.
Al it lok riedt ta, slûpt-sliert, teelt oan nei it selsbewurkjen.

Lês fierder
Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh

Twa Gedichten foar syn dochter Cynthia Lenige

Fan it nolkst fernoegen foege.
(By har 23ste jierdei)

Dy’t sûnder rym-wjok rymt, dy krûpt ear as er fljocht,
mar plichts-oantrún teamt stiif, wa kin needs-twang ûntwine?
Al lit de keunstmin har ek yn de ienfâld fine,
natoer jout wat se hat, har tinkkrêft is oprjocht

en seingt dy dêrom, fan it nolkst fernoegen foege.
Dy sillige wittenskip fangt lâns dy rjochte line:
soe ik myn sielsnju net oan har ferjierdei bine?
Ja dochter, ik gjalpje him út! Hark sjongfaams jûchhei-jûge.

It bliuwt ferdjer fan geast om fuort te turreljurkjen.
Al it lok riedt ta, slûpt-sliert, teelt oan nei it selsbewurkjen.

Lês fierder
Koosje Melis

E-nûmers

logo.ensafh

Koartlyn ha ik oer it ynternet in boekje kocht mei de titel Wat zit er in uw eten? It giet oer de E-nûmers dy’t oan iten tafoegd wurde, en it leit út hokker ferskillende nûmers der besteane, hokker skealik foar de sûnens binne en hokker net. Al earder hie ik ris in list mei E-nûmers fan in freondin krigen. It wie in typt papierke dat der útseach as oft it yllegaal ferspraat wie yn de jierren fjirtich, ‘zegt het voort!!!’ Guon nûmers wiene streekrjocht kankerferwekkend, sa begriep ik nei ûntsifering fan it papier fol mei útroptekens en streepkes, oaren wiene ‘verdacht’, noch wer oaren ‘onschuldig’.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 2.3

logo.ensafh

Freedtemiddeis hiene de nije rekruten frij, mar se mochten net fan ’e basis. Se sieten der no al trije wike. Opfallend wie hoe bot at se troch de militêre training yn positive sin feroare wiene. Se hiene in protte persoanlike disipline opboud, se wiene sterker wurden, mar it apartste wie dat se folle yntelliginter wurden wiene. Sels figueren as Rotario of dy boer, Plijnse, dy’t oars net nei boeken taalden, koene no in boek lêze troch it inkeld mar troch te blêdzjen. It like wol as hiene se allegear in fotografysk ûnthåld krigen. Ja, sa is mar wer te sjen hoe goed as in bytsje beweging en in sûne libbenswize foar de minske is.… Lês fierder