Teake Oppewal

Hy hat bliermoedich libbe

logo.ensafh

De redaksje fûn dat it tiid waard en set besprekkers en harren wurk yn it sintsje. Besprekken roppe op ta diskusje, biede nije lêsmooglikheden en hâlde de literatuer libben, ek bûten de siden fan it boek. Fan juny oant en mei augustus set Ensafh dêrom de literêre besprekking sintraal, online en yn tydskrift nûmer 3, dat op 18 juny útkaam.

Fan Marga Claus har nijste roman Libbe kaam yn febrewaris fan dit jier in werprinting út. It boek ferskynde earder yn oktober 2024. Yn july waard bekend dat oan de skriuwster foar dit boek de Rink van der Veldepriis 2026 takend is.Lês fierder

Jelma Knol

‘It neidiel fan de twifel’ fan I.E. Bloem

logo.ensafh

De ûnder pseudonym publisearjende I.E. Bloem hat mei syn/har young adult roman It neidiel fan de twifel de Simke Kloostermanpriis fan 2022 krigen. Dit boek hat Bas, in jonge stoïsijn, as haadpersoan. Bas is 16/17 jier âld, stammeret en wurdt dêrom, mar ek om oare redenen flink pest op skoalle. Mei ien fan de slimste pestkoppen, de idele en waanwize Vera, mei er nei Bergamo om fjouwer moanne lang Italjaansk etc te learen. Nei in moanne moatte se haljetrawalje nei hûs ta fanwege koroana. Underwilens binne de geheimen fan de Italjaanske Julia en de ferstoarne heit fan Bas knap yntrodusearre yn it ferhaal as spanningselemint.… Lês fierder

Lomme Schokker

Ferdinand de Jong: De tredde perioade

logo.ensafh

De Jong hat der aardich de gong yn mei it opbouwen fan in oeuvre. De tredde perioade is it seisde boek yn in tiidbestek fan acht jier en dat wol wat sizze. Twa jier lyn seach er nei Kanada foar De Nova Scotia staazje, al earder skreau er oer it Himalayaberchte en dizze kear teach er foar ynspiraasje nei de kjeld en koperminen fan Sibearië.

Luitenant Rodion Zakirov skopt in strieminne drilynstrukteur mei in dwerslesy de rolstoel yn en moat dan as boarger besykje in nij bestean yn Moskou op te bouwen. Dat slagget fan gjin kant, de mingels wodka bringe him ek net folle fierder en sa fynt buorfrou Lara op in dei Rodion by him thús mei de foardoar iepen, stomdronken yn syn eigen dridze.… Lês fierder

Dirk Jan Muntentendam

In bytsje frjemd mar wol hiel aardich

logo.ensafh

Besprek ‘It testamint fan mr. dr. K.’ út de rige ‘De omkearde ferhúsdoaze’ fan Steven de Jong.

Steven de Jong is ien fan Fryslân’s meast ferneamde skriuwers, dy’t al in grut oeuvre op syn namme hat, mar foaral bekend wurden is troch De wuttelhaven del, dêr’t er yn 1992 de Gysbert mei wûn hat. Ik hie net in hiel soad mear fan him lêzen, dat ik wie wakker optein en krij dit boek fan de redaksje om te besprekken.

Ik moat earlik tajaan dat ik wol efkes fernuvere wie doe’t ik it boek foar it earst beseach. Ik gie der fan út dat it in roman wêze soe en mei in soad niget sloech ik it boek iepen.… Lês fierder

Jelma Knol

Resinsje Meindert Bylsma ‘En dêr marsjearje ik hinne’

logo.ensafh

It jonkje op it omslach fan Meindert Bylsma syn novelle En dêr marsjearje ik hinne sjocht de lêzer in bytsje skou en ôfwachtsjend oan. Yn ’e hân hat er twa kreaze skuon: wêr sil dat hinne?, tinkt de lêzer. Mar wêrom marsjearend?

Bylsma makket dat dúdlik oan ’e hân fan syn autobiografyske oantinkens, dêr’t syn militêre tsjinsttiid sintraal yn stiet, mei ynbegryp fan in skoft yn Dútslân. Mar syn bernetiid en de reade achtergrûn fan syn pake en âlderlik hûs komme ek oan ’e oarder. De skriuwer skeakelet fernimstich om fan de iene nei de oare perioade yn syn libben, gauris mei in kaaiwurd (bygelyks sneuvelje) as brechje.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Besprek ‘Een vrouw van ivoor’ fan Johan Veenstra

logo.ensafh

It wûnderlike krusen fan minsken

Johan Veenstra hat mei Een vrouw van ivoor in min ofte mear ferfolch skreaun op syn eardere roman Een brogge van glas (2006). Min ofte mear, om’t de beide boeken ek los faninoar lêzen wurde kinne, sa falt te lêzen op de efterflap. ‘Meensken die in dat boek veurkommen, kommen ok in dit boek veur.’ Neffens my is it wol handich om dy roman lêzen te hawwen, sadat de ferskate relaasjes en ferhâldingen dúdliker binne foar de lêzer.

In neidiel dêrmei is dat de personaazjes yn syn nijste roman al fierhinne útiten binne. Men freget jin net mear sa gau ôf hoe’t it krekt yninoar sit.… Lês fierder

Jelma Knol

‘In nije heit’ is te werkenber

logo.ensafh

 

In nije heit fan Thys Wadman is in berneboek dat jin as besprekker foar in dilemma stelt. Gerke, de haadpersoan fan dit boek en ik-ferteller, is in jier of njoggen, tsien en autogek. Hy wit álles fan auto’s. It moaiste momint fan de dei is ‘de fraach’. As syn mem him op bêd bringt moat se him in fraach stelle út syn autoplakboek, leafst in sa lestich mooglike fraach. Mar flak foar syn jierdei hat er ynienen in oare winsk. Hy wol in nije heit, in ferfanger foar de ôfwêzige man dy’t folslein gjin belangstelling foar syn jonkje hat en allinne mar wat nocht belibbet oan syn hobby: fiskje.… Lês fierder