Jenny Veenstra

Dänen lügen nicht

logo.ensafh

Doe’t de freed yn in sneon feroare en syn hert noch tikke, besleat Karl-Werner Zweimann dat er fan no ôf in Deen wie.

‘Dänen lügen nicht,’ sei it ferske en Karl-Werner leaude graach oan ferskes.

‘Ich bin ein Dansk,’ seid er tsjin himsels. It hearde him al o sa fertroud yn ‘e earen. Wa woe no lid wêze fan dat poepefolk mei syn Nazi-ferline, as er yn syn djipste wêzen Deen wie? Net ien by syn rjocht ferstân, doch? Karl-Werner gong foar de spegel stean en helle de hân troch syn readblond prúkje hier. Eins nuver dat er syn Deensk-wêzen net earder beseft hie.… Lês fierder

Jenny Veenstra

It Reade Paad

logo.ensafh

Sjochst it reade paad foar dy?
Kronkeljend tusken de grutte blêden
en de grouwe beammen fan in gruwelbosk?
Sjochst dy man, of nee, dy jonge,
sjochst dy jonge mei de strakke lippen?
Read is it paad dat foar him leit,
swart binne de blêden en beammen fan it bosk
en neist him rint in bleek famke, of nee, in frou
mei de hân yn ‘e bûse.
Wat wolsto, freget de man, of nee, de jonge.
Wat wolsto hie it famke, of nee, de frou sa faak frege.
Wat wolsto, raast er út en hy draaft.
De jonge draaft draaft draaft oer it reade paad,
fljocht hurd planten foarby, strûken foarby, beammen foarby,
snijt hurde lianen fuort, snijt taaie tûken fuort, snijt beamblêden fuort
hymjend, achter de pûst
en stapt mei wurge fuotten
wer fierder
oer it reade paad.… Lês fierder

Hylke Tromp

The Kentish Doom

logo.ensafh

Www… wêr bin ik bedarre? En hoe kom ik hjir wer wei?

‘Enter your password,’ boldere de moassige kobold by de poarte.

‘Bûter, brea en griene tsiis,’ stammere ik.

Piipjend kreake de doar los. De krobbe bûgde hoflik en swaaide noegjend de hân foar de knibbels lâns. Wie it in ding, of siet der libben yn? Ik kaam yn in romte dêr’t it healtsjuster de grinzen net fan bleatjoech.

Efter my foel de tagongsdoar mei in klap yn ’t slot. It izeren fonnis davere driigjend nei: Lasciate ogne speranza. Wat wie dit foar oarde? In mytyske grot, in ferlerne wrâld ûnder de ierde?… Lês fierder

Jabik Veenbaas

Iepenbiering

logo.ensafh

ik, de sultansinne, de alnimmende, de
ierdeomfiemer

kaam swierlivich del fan myn djipblauwe treppen
skopte de hite dunen út myn skoech en
switte de see. op myn hongerich befel
riisden út it wiet de wrinzgjende froulju
sloegen wyld mei de sturt en lieten har

falle: it wie in bleate
bea fan billen dy’t him begearich
nei my takearde: lea! lea!

ik, de sultansinne, de seeswittende, ik
hillige har loai mei myn hinglippen
en fear wolkeleas op

och hoe leaf it hier fan lytse berntsjes
as helmgers groeide… Lês fierder

Alfred H. Stucki

Ik wit my skyt

logo.ensafh

(foar Mem, 2-6-2007)

ik wit my skyt
twa juny
Mem jierdei
dea
ferkrommele yn Goutum
ik wit my skyt

ik wit my skyt
de skeane koppen dy tinke
dat se mear binne as in oar
binne de skythúzen
dêr’t ik op skyt
ik wit my skyt

ik wit my skyt
twa juny
de sinne fûgels beammen stiennen
en sûnder skyt
gjin beammen fûgels
ik wit my skyt… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

Reis mei stûpen

logo.ensafh

Sjochst it net faak:
de dea, in Molukker en de laak
tagelyk op in stasjon.

De dea die him foar as bline reizger
hy kocht in kaart op goed gelok,
rûn in skoftsje troch it middenpaad
bejoech him doe nei in skeane hoeke.

De Molukker wie net allinne, nea.
Syn maten laken en fernuveren har
mei skilich sjen nei it útsicht
op bettere tiden soe skielk blike.

It foel foar dat de trein ho hold.
Lichter letter oer it wikselspoar
wie net te sizzen hokker ûntbruts;
de dea, in koffer of de laak.
 
 
Op 11 juny 2007 wie de treinkaping fan Beilen troch de RMS 30 jier lynLês fierder

Foaropwurd 98

logo.ensafh

foaropwurd

freed 15 juny 2007

‘Hast it útrôljen fan Willem S. juster ek sjoen?’

‘Huh, watte?’

‘Sis my net datst der noch neat fan meikrigen hast! Mei in mear as mânsheech doek op de gevel fan ‘e boekhannel hat er juster syn nije Fryske roman presintearre. Willem yn swart leer derop. Se ferwachtsje opskuor!’

‘Swart leer? Wol dat wat betsjutte?’

‘Ja, slûge! Hasto gjin assosjaasjes by mannen yn swart leer?’

‘O, giet dizze oer homo’s? Moat dat noch reboelje jaan dan?’

‘Yn Noardeast-Fryslân grif, en der skynt noch folle mear oan ’t hantsje te wêzen: fiergeande fasksistyske mieningen! En oer de klean- en oare koades yn de homowrâld kinst ek noch fan alles opstekke’

‘Koades, hin?… Lês fierder