De twadde roman fan Willem Schoorstra hat in tema dêr’t ik no altiten al graach ris in Frysk skriuwer oer lêze woe. Om’t it sa ’n grut tema is foar in soad minsken fan myn generaasje. Us ferbanning. Fansels dat wy te studearjen gongen, al hiene ús heit en mem faaks net mear as legere skoalle. Mar om kolleezjes te folgjen oan in universiteit moasten wy Fryslân út. Dat betsjutte meastentiids ek dat we er allinne op besite werom komme soene. Wurk op ús nivo is der yn ’e provinsje hast net. Dus kin der maklik op mear as ien manier in ôfstân groeie mei thús.… Lês fierder

