Ate Grypstra

Dwylsin, in minderke

logo.ensafh

“Dus at ik it goed begryp woenen jo wolris wat oars?”

It lytse mantsje dat tsjinoer de yntersedint fan it útstjoerburo sit, knikt.

“En jo hawwe jo ek al ynskreaun by it arbeidsburo?”

Wer in knikje.

“O nee, wy moatte op ’t heden CWI sizze, no? ‘Centrum voor Werkzoekende Individuelen’… Wat in namme, net? See-wee-y, hoe komme se derby? Haha… Mar goed, ik ha my fertelle litten dat de Stjerliken deselde ôfkoarting brûke. It bekt foar gjin meter, fyn ik. Wat tinke jo derfan?”

It keardeltsje lûkt ris oan ’e skouders. “Och…”

“No, ik fyn ’t mar neat. Jo moasten ris witte hoefolle jild der tsjinoan goaid is om dat logo te fernijen en sa.… Lês fierder

Edwin de Groot

5 april

logo.ensafh
April 5th
Talk Talk

Here she comes
Silent in her sound
Here she comes
Fresh upon the ground
Come gentle spring
Come at winter’s end

Nij mei ljocht en lûd begjin ik
in perpetuum mobile
fan de fjouwer tiden
nei it skynt

Yn elke sike kym en ein
komt, sjocht net werom

De longen fol mei de lucht
fan de gersmoanne
en ynhâlde
by alles wat komt

Let me breathe
Let me breathe the colour of spring
Lês fierder
Edwin de Groot

Ritich

logo.ensafh

Ik bin de heuvels en falleien
dy’tsto bekrûpst mei floeiend liif
hoassokjend oer de simmergrûn
basalt in pels

Sa klien en linich as yn de sinnetiid
sa swier slûpst yn de lange nachten
as brekkend diggelguod troch myn tûken
om del te saaien as in fûgel fan iis

Bisto wêr’t ik op wachtsje
om myn leaten oer te jaan
oan dyn riten fan skossen en jiske

It ôfstekken is dyn antwurd
ik goai myn lân los
ekers moatte wer bewoeksen… Lês fierder

Foaropwurd 89

logo.ensafh

foaropwurd

freed 9 februwaris 2007

Farsk hat de blik wer breed op de literatuer dit kear. Haadredakteur Ytsje Hoekstra is oan it skriuwen yn Praach, lêst de Tsjech Hrabal en hat ús har earste wykboek tastjoerd. Ulke Brolsma sneupt om yn it plak Piura yn Peru en skriuwt dêr oer de bernejierren fan Mario Vargas Llosa. Andries Miedema komt mei in nije oersetting fan de Rus Osip Mandelstam.

Poëzij is der ek: Edwin de Groot dichtet û.o. oer ‘de yak’ en ‘5 april’, Yva Hokwerda oer ‘leafbeammen op Skylge’ en Hakan Jörder nimt ús wer mei syn eigensinnige universum yn. Nijsgjirrich?… Lês fierder

Hakan Jörder

Net in rare trochgang

logo.ensafh

yn side 29 fan de nrc sit in tegelgrut gat
dwars troch de tafel hinne
in famke yn in swart T-shirt
sjocht mei iepen mûle
nei in wite knyn
of wa wit nei grize planten of sa
yn har swart mei wite tún
fjouwer pianofingerkes op ‘e foarholle
in haadletter S fan hier rjochts fan de skieding
(links foar de bûtengatske waarnimmer)
drapearre – ja sa liket it echt –
oer in skouder dat sêft wêze moat en waarm
sels yn dy swart-wite wrâld
oars kin ik ek wol oan allah leauwe
of oan swevende sinezen sûnder swiertekracht,
oan spontane generaasje of flugger as it ljocht
en om it gat hinne stiet skriuwen
oer dat it famke
skriuwt oer minne en mûning,
oer slange en ierde en oer
en oer snakken naar kruisbestuiving
ik mei net sa grut wêze
grutter as tegelgrut bin ik al
mar wie ik in wite knyn,
no, dan wist ik it wol… Lês fierder